Beheinden mei in wurkwinsk: Fryslân by leechste fiif

april 17, 2018 09:04

Foto: Start Foundation

Op it ûnôfhinklike platfoarm Maakerwerkvan.nu kinne wurkleazen mei in beheining kenber meitsje watfoar wurk se wolle, en wêr. Dêrnei sil it tiim fan Maakerwerkvan.nu (allegear minsken dy’t sels in arbeidshandikap hawwe) fergees oan ’e slach om dêr in wurkjouwer by te finen dy’t syn of har netwurk iepenstelle wol. De teller stiet no op 450 yntsjinne ‘winsken’. Drinte hat mei totaal tsien winsken (2%) de leechste opkomst. Dêrnei folget Grinslân mei alve winsken (2%).

Fryslân heart by de leechste fiif mei totaal 21 winsken (5%). Súd-Hollân is koprinner mei hûndert winskmakkers mei in arbeidshandikap (22%). Opfallend is ek it fluch groeiend tal wurkjouwers dat ree is om minsken mei in arbeidshandikap in triuwke te jaan op ’e arbeidsmerk. Op 60% is al troch in wurkjouwer reagearre en dêrtroch binne der ek spontaan banen realisearre. De kampanje Maakerwerkvan.nu waard op 3 febrewaris 2018 breed lansearre mei mear as tachtich spots op de nasjonale telefyzjestjoerders, kombinearre mei in stevige sosjale media-kampanje. De fideo waard ûnder oare 428.700 kear besjoen op Facebook.

Fia de webside www.maakerwerkvan.nu kinne minsken mei in arbeidsbeheining harren ‘wurkwinsk’ ynfiere en oanjaan yn hokker brânzje en by hokker bedriuw se oan ’e slach gean wolle soene. Bedriuwen kinne dêrop reagearje. De side mikt dat der kontakt ta stân te bringen, it is gjin fakatuereside, earder in ‘datingside’. Minsken krije op dy wize de kâns yn in netwurk te kommen dêr’t se normaliter gjin of lêstich tagong ta hawwe. De webside is yn alle gefallen noch oant de simmerfakânsje yn ’e loft. Om 1 maaie hinne, de Dei fan de Arbeid, stean nije kampanjeaksjes op priemmen.

april 17, 2018 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.