“Bedriuwen, brûk it Frysk!”

april 5, 2018 09:20

Yn it jier dat Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa is, moat it Frysk – ommers ús foarnaamste kultuerskat – rûnom brûkt wurde. Dat alteast tinkt de Ried fan de Fryske Beweging, dy’t konstatearret dat it Frysk op strjitte, produkten, websiden ensfh. folle mear te brûken is as oant no ta dien wurdt.

Wylst it no just it stuit is om de finsters iepen te smiten en de taalrykdom fan it Frysk oan de bûtenwrâld sjen te litten, sa skriuwt de Ried. “Bedriuwen kinne dêr in foarname rol yn spylje. Sy kinne it Frysk letterlik en figuerlik yn de etalaazje sette en de Ried trunet harren oan dat fan’t maitiid te dwaan. Wêrom dochs net dit jier oangripe om de gevelopskriften oan te passen? In supermerk kriget wier net minder klanten as in supermarkt. Wy biede binnenlânske toeristen dan wat mear as oare provinsjes: in bytsje in bûtenlângefoel yn eigen lân.

Underlizzer makker troch Hindrik en Beitske van der Meer

Yn it bysûnder kin de horeka dêr oan bydrage. Benammen yn dit kulturele jier soe it betsjinjend personiel – oft dat no sels Frysktalich is of net – de gasten lette en sette moatte mei in wurdsje Frysk derby. Toeristen stelle sokke couleur locale op priis. Meartalige menukaarten en ûnderlizzers kinne dêr royaal oan bydrage. De Afûk kin jimme dêrby helpe. En wês ek net te benaud foar ientalich Frysk; yn Frankryk rêde wy ús ommers likegoed.”

april 5, 2018 09:20
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Abe april 5, 11:50

    Moatte wy no begripe dat de Ried bedriuwen oantrúnt om it Frysk yn te setten as couleur locale, hjir in wurdsje en dêr in wurdsje?

  2. Nanne april 5, 14:31

    Op syn minst hjir en dêr in wurdsje foar toeristen dy’t noch hielendal net bekend binne mei it Frysk, Abe; (folle) mear as dat heal kin fansels.

  3. mbc84 april 5, 15:49

    @Abe: krekt! En o wat haw ik dêr it mier oan, tegeltsjefrysk. Krekt as dy sleauwen by Arriva. “Het volgende station is: “lieouwurrrt”. Denkt u bij het verlaten blabla…’. Kin sa ienfâldich twatalige te hearren wêze.. Allyksa mei de skriftlike oantsjuttings, wól yn it Ingelsk mar fansels net yn it Frysk. Grif hat der immen oan tocht yn wat foar talen it hjir stean moat (yn it ferline wie it ek yn it Dútsk en Frânsk, sjoch hjir ek de fernauwing)… En wêr is de provinsje? Wêr is dy FNP? Dat iene wurdsje ‘Ljouwert’ docht it him net foar my, dat is gekoanstekkerij.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*