Aant Mulder: Utfanhûs yn de frijsteat Lân fan Taal

april 16, 2018 20:00

Kollum

Wy ha der in frijsteat by. Dat is de frijsteat Lân fan Taal yn Ljouwert. As ik oer dat wurd ‘frijsteat’ neitink, foldocht dat wurd my eins mar min. In frijsteat hat ommers mei polityk, mei bestjoer of mei regear te krijen. Dat is net daliks it byld dat ik ha as ik yn dy nije frijsteat yn Ljouwert omrin. It duorret skoften foar’t ik betink dat it wolris hiel oars bedoeld wêze kin as ik tink. It giet om talen, it boartsjen mei talen, de leafde foar talen en dan soe frijsteat as oantsjutting foar Lân fan Taal hiel goed in kryptyske omskriuwing wêze kinne foar dat lân as ‘om fan te hâlden’. Dêr hâld ik it op. Likegoed kin ik dêr op de thússide fan Lân fan Taal neat oer fine. Dy thússide fertsjinnet kompliminten. Men soe der foar de aardichheid ris op om sneupe moatte. Dat kin yn fjouwer talen en dêr heart it Frysk ek by. It is in moaie ôfwikseling fan teksten en bylden, dêr’t alles oer Lân fan Taal te finen is. Der binne fiif mooglikheden dy’t daliks iepene wurde kinne: sykje, kaart, programma, oer Lân fan Taal, en taal dus. Mei dy frijsteat yn gedachten iepenje ik ‘kaart’. Dêr wurdt troch in grut fjouwerkant dúdlik makke hokker gebiet fan de binnenstêd ta Lân fan Taal heart. Dat liket wol wer op in soarte fan frijsteat, sa’t wy dy oantsjutting ornaris brûke. Soe ’k it dan dochs net goed begrepen ha?

Hawar, de Bûterhoeke kin de sintrale as yn dizze frijsteat neamd wurde. Foar Lân fan Taal moatte we yn Obe, Tresoar/Afûk en yn de Prinsetún mei talepaviljoen MeM wêze, wylst Aldehou, Gemeentehûs en Fryske Akademy likegoed meidogge. Yn dizze frijsteat binne twa sintrale plakken foar dat grutte ferskaat oan aktiviteiten: it Aldehoustertsjerkhôf en de Prinsetún. Oan alles is te fernimen dat hieltyd mear minsken it Lân fan Taal fine kinne. Yn de gebouwen rinne allegeduerigen minsken om. Op it Aldehoustertsjerkhôf en yn de strjitten dêromhinne sjoch ik gauris groepkes minsken, dy’t ik net goed ferstean kin. Foar de Prinsetún jildt itselde. It is dúdlik dat de frijsteat in nijsgjirrich gebiet wurden is, dêr’t minsken dy’t wat mei taal ha, perfoarst efkes sjen wolle.

Dat is logysk. Yn Lân fan Taal is ommers fan alles te sjen en te dwaan: lêzingen, minyfestivals, projeksjes op de Aldehou, de Obe Postmadagen en fansels talepaviljoen MeM mei alle wiken neist it Frysk omtinken foar in oare taal of streektaal lykas it Achterhoeksk, it Baskysk, it Biltsk, it Friulysk en sa fierder. Dat dogge se mei muzyk, gedichten, ferhalen, útstallingen. It is allegearre te finen op de al earder neamde thússide.

De Taletún waard freed 30 maart, krekt foar it peaskewykein, iepene. Dêr wiene we net by, mar wy ha wol fuortendaliks de oare deis nei Ljouwert, nei de frijsteat Lân fan Taal west. Obe, it besikerssintrum fan Lân fan Taal hiene we al besjoen, dat wy sette daliks op de Taletún yn de Prinsetún ta. Dêr falle benammen twa dingen op: MeM-Livingroom of languages en it driuwende paviljoen Liwwarders. It is allegearre noch mar krekt klear en dat is te sjen. MeM, it talepaviljoen falt daliks op. It is prachtich wurden. Fan boppen besjoen binne it twa frouljusfigueren dy’t tegearre ien grutte hoepelrok oan ha. Dy hoepelrok, dat is de wenkeamer dêr’t fan alles oer talen yn te sjen en te hearren is. By de yngong wurde we wolkom hjitten troch in frijwilliger fan Lân fan Taal. Dy leit ús út dat it aardich is as wy ús moaiste wurdsje op in buordsje skriuwe. Ik tink efkes nei en skriuw dan op: útfanhûs. Hoe’t it komt wit ik net, mar it hat grif te krijen mei ’t gefoel dat ik hiel earne oars bin. Al dy buordsjes mei wurdsjes komme as dakpannen op ’e bûtenkant fan de hoepelrok te hingjen. Dat wurdt moai!

Wy folgje it programma yn MeM, besjogge it Liwwarders yn it driuwende paviljoen mei deselde namme dêr tichteby en meitsje dan in kuier troch de Taletún yn de Prinsetún. Wat letter yn ’e wike lês ik dat it driuwende paviljoen Liwwarders lek is. It falt ta, mar sa hiene de Liwwarders samar harren dialekt te sink gean sjen kinnen. Hokker taal soene se dan keazen ha? As we yn de Taletún rinne, sjogge we hieltyd dy twa memmen boppe dy grutte hoepelrok. Dat byld docht my ynienen tinken oan de mistfontein fan Jaume Plensa by it Ljouwerter stasjon, dy fontein mei dy twa bernekopkes, dy’t inoar oan sjogge. De memmen yn de Prinstún en de bern by it stasjon, dat doocht net! Geane de bern fuort, sa’t it eins altyd yn Fryslân west hat of komme se werom om’t harren âlden, memmen, hjir bleaun binne en om’t Ljouwert, Fryslân harren no in goede takomst biede kin. Ik wit it net.

Obe, sjoen fan de Aldehou ôf

Underwilens rinne we werom nei it Aldehoustertsjerkhôf. Wy sjogge minsken boppe op de toer stean. Dat wolle we ek. It is in hiele klim, mar as we boppe binne, makket it útsjoch alles goed. Lân fan Taal, Ljouwert, hiel Fryslân leit oan ús fuotten. Sa liket Lân fan Taal wol it sintrum fan Fryslân. Dat moatte we fêsthâlde. Op de Aldehou sjoch ik nei Obe oan ’e oare kant fan it Aldehoustertsjerkhôf. Obe Postma kriget omtinken. Dat is moai! Wylst ik dêr boppe-op de Aldehou stean, komt ien fan syn gedichten my samar yn ’t sin.

Goethe die in reis nei Italie en Rilke nei Ruslân,
En as in oar minske kamen hja werom.
Ik haw op myn âlde dei nei Harns ta west:
In oar minske koe ik net wurde, mar ik ha stien op it heechste fan ’e bolwurkstún.

De foto’s binne nommen troch Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 14 april yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
april 16, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.