Aant Mulder: Frysk ûnderwiis op ’e lange baan

april 30, 2018 21:01

Kollum

It hat der alles fan dat it Frysk yn it ûnderwiis op de lange baan skood wurdt. Fan ’e wike lies ik yn ’e krante dat de deputearre in fûns foar Frysk op skoalle wol. Ik tocht, dat liket derop, in fûns en dus jild foar Frysk op skoalle. Dat fak kin wol wat ekstra jild brûke. Dat nijsgjirrich wurden lies ik it hiele artikel. Doe’t ik dat dien hie, wist ik likefolle as oan it begjin. De deputearre wol sa’n fûns realisearje. It jild liket ornearre te wêzen foar skoallen dy’t it net goed dogge. Dat jild kin dan brûkt wurde foar learkrêften en learmiddels. Skoallen dy’t it wol goed dogge kinne ek jild krije, mar dan foar bonusmateriaal. Ik ha der gjin idee fan wat dêrmei bedoeld wurdt. No tocht ik dat Fryslân sa njonkelytsen sels oer Frysk ûnderwiis kedize koe. Nee dus, want yn itselde ferhaaltsje stiet dat it mei de minister bepraat wurde moat en de deputearre wol of kin ek gjin bedraggen neame. Ik begryp no wol wêrom’t se dat net docht.

It sil wol net sa bedoeld wêze, mar it hat wat fan in ôfliedingsmanoeuvre. Dat soe samar te krijen ha kinne mei it ferhaal oer de ûntheffingen dat no al yn de kranten stiet. Dy ûntheffingen kinne oan 2030 ta bestean bliuwe. Dat duorret allegearre fansels fierstente lang. Dêr kaam dalje op. Dat koe hast ek net oars. En dat wylst de offisjele rapportaazje fan it earste Taalplan Frysk pas yn july komt. It liket my ta dat earst dy rapportaazje beskikber wêze moat foar’t in goed twadde Taalplan Frysk en dus in goed belied oangeande de ûntheffingen gearstald wurde kin. Hawar, dat ûntheffingsbelied is no dus al buorkundich makke en der wurdt omraak oer skreaun en wreaun. Tagelyk komt de deputearre mei in ponge mei jild. No ja, as de minister it goed fynt fansels!

Dy ûntheffingen, dêr wol ik it oer ha. Yn in oersjoch fan septimber 2017 stiet dat 76 fan de 428 basisskoallen en 27 fan de 83 skoallen foar fuortset ûnderwiis gjin ûntheffing hoege. Dêr sille fansels mear by kommen wêze. Dat fertsjinnet kompliminten. Dy skoallen ha de dingen alteast op papier goed regele en dêr moatte se gewoan oan holden wurde. Se sille neat oars ferwachtsje. Dat is dus klear. Fierder moat wat my oanbelanget gewoan alle jierren in stap set wurde fan mear nei minder dielûntheffingen. Foar de dúdlikens behein ik my no fierder ta de basisskoallen. No’t dy skoallen allegearre besite hân ha, is dúdlik dat mear as hûndert gjin dielûntheffing hoege. Der wiene yn septimber 50 skoallen dy’t allinne in ûntheffing foar ‘skriuwen’ fregen. Dat sille der no ek mear wêze. Dy skoallen kinne nei de simmerfakânsje fansels gewoan mei dat ûnderdiel begjinne. Wêrom net? Alle oare skoallen dy’t no al oan Frysk dogge moatte alle jierren ek mei in dielûntheffing minder ta kinne. De skoallen dy’t no ûntheffing F (foar hast alles) ha, skowe dan fan ûntheffing F nei ûntheffing E. By dy ûntheffing hoege de bern allinne mar Frysk ferstean te learen. Dat moat kinne. Wer in jier letter kinne dy skoallen fan ûntheffing E nei D. Dan moatte de bern it Frysk net allinne ferstean, mar ek praten leare en sa fierder. De ûnderdielen dy’t der hieltyd by komme, kinne yn groep 1 daliks hielendal goed oanslute. It falt te billikjen dat wat dat nije nivo oanbelanget yn de oare groepen net daliks it nivo helle wurdt dat der foar stiet. As we sa dogge dan binne yn 2021 folslein gjin dielûntheffingen mear nedich. Ik sil it jimme net allegearre foar rekkenje, mar sa sitte yn 2028 fan alle skoallen alle groepen op it nivo sa’t dat yn de kearndoelen beskreaun stiet.

Sa moat it kinne en as de deputearre de minister safier krije kin dat der jild komt om troch middel fan in fûns de skoallen te geriven om it Frysk noch earder en better te regeljen, dan bin ik dêr hielendal foar! Der moat noch wol in betingst by. De kearndoelen foar it Frysk binne op dit stuit net wat se wêze moatte. De doelstellingen Frysk en dy foar it Hollânsk hearre folslein gelyk te wêzen. Dêr moat mei gauwens wat oan dien wurde. Tagelyk moatte de resultaten fan bern en skoallen folge en fêstlein wurde op deselde wize as dat ek foar de oare fak- en foarmingsgebieten jildt.

It liket my net sa’n heikarwei ta. Mar de wil moat der wol wêze. Ik ha no fan en ta wolris it gefoel dat alle plannen op papier foar hieltyd minder dúdlikens soargje. Ik ha it hân oer in âld en nij Taalplan Frysk. Datselde ûnderwiis wurdt ek beskreaun yn de âlde en de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Dat binne dus al fjouwer plannen en dan ha ’k it noch net iens hân oer brieven en fûnsen. Tagelyk moatte dy nije plannen op de âlde en op dy oare plannen ôfstimd wurde. Dat ferget gâns petearen en oerlizzen. Ik kin dêrom wol begripe dat amtners en bestjoerders tinke dat se goed oan ’e gong binne. Dat binne se wat de plannen oanbelanget ek! Se ha it der hast alle dagen wol oer.

Guon sizze en skriuwe dat mei opsetsin yn datsoarte fan dokuminten foar de lange baan keazen wurdt. Dat liket no ek wer oan ’e oarder te wêzen. Yn de stikken stiet dat yn 2030 hielendal gjin ûntheffingen mear jûn wurde. Guon minsken, ik neam mar gjin nammen, reagearje ek noch posityf op sokke útstellen. Mar minsken, dan binne we tolve jier fierder. Tolve jier lang dogge we dan net de goede dingen foar it Frysk. Tolve jier lang buorkje we dan allinne mar efterút. Oer tolve jier kin it Frysk samar op stjerren nei dea wêze. Dat sil dochs net de bedoeling wêze. Dat raast oan ’e protters. It moat earder en better! We moatte werom fan de lange baan nei de koarte baan!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 28 april yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

april 30, 2018 21:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.