Aant Mulder: de Friezen, in begrutlik folk

april 9, 2018 20:00

Kollum

Dat de Friezen in begrutlik folk binne, ha we sa faak heard, dat we it sels leauwe. It begûn mei de Romeinen en hieltyd binne der wer oaren dy’t sa oer ús prate en skriuwe. Wy lûke ús dat oan en leauwe sa njonkelytsen wol dat we begrutlik, minderweardich binne. It is sels safier kommen dat guon fan ússels it sizze en skriuwe. Dy gedachte kaam wer boppe, doe’t ik ‘De Frisii: een meelijwekkend volk’ fan de skriuwers/gearstallers Looijinga, Popkema en Slofstra yn hannen krige. Sy ha de foarbylden dy’t se fûn ha op in rychje set en dat dogge se yn it Nederlânsk en yn it Frysk en dat wylst de foarbylden ornaris net yn dy talen skreaun binne. Dat fyn ik ûnlogysk en ferfelend. It giet ommers oer ús. Wêrom moatte dy Hollanners no ek wer daliks witte dat we in begrutlik folk binne!

Hegebeintum

Wa’t wolris wat oer de Fryske skiednis heard of lêzen hat, wit grif wol wa’t Plinius wie. Dat wie dy Romein dy’t skreau dat twa kear deis in grut part fan ús lân ûnder wetter strûpte en dat de Friezen as skipbrekkelingen it libben besochten te hâlden op selsmakke hichten. Hy skreau oer in neatich folk. Dat wie om 47 nei Kristus hinne. Wy skreauwen doe sels noch net. Der waard oer ús skreaun en dat wie neat om grutsk op te wêzen. Lit ús dan in nearzich folk west ha, wy ha wol lang tocht dat we in hiel âld folk wiene. De skiedskriuwers ha lykwols dúdlik makke dat oer de tiid fan it folkeferfarren eins neat mei wissichheid sein wurde kin. Dat de Friezen dy’t hjir nei dat folkeferfarren wenje, kinne samar fan in oar komôf wêze. Dat kinne gewoan Saksen of noch oare folken wêze. Dat is dus ek neat om grutsk op te wêzen. We binne sadwaande neffens guon histoarisy in begrutlik folk mei in begrutlik komôf.

Begjin fan de Santjin Kêsten, sa’t dy yn Druk (1484-1486) steane en yn Asega, is het dingtijd? fan Oebele Vries (2007) opnommen binne

Hawar de tiden fan de Fryske keningen, fan de Fryske Gouden Iuw en fan ús eigen skreaun Frysk dy dogge derta of dochs net. Hoewol’t we gjin skriuwers en dichters witte, binne we fergulde mei de moaie Aldfryske rjochtsteksten. Moaie byldzjende sinnen mei stêfrym en werhellingen. Jimme witte wol: Sa lang’t de wyn fan de wolken waait en it gers groeit en de beam bloeit! Sûnt koart witte we dat de tiid fan it Aldfrysk om 1150 hinne begjint. Dat meitsje de beide koarte sintsjes: ‘lesa mi’ (ferlos my) en ‘helpa mi’ (help my) ús dúdlik. Dat Aldfrysk komt ek wer in ein oan. Slimmer noch, der wurdt om 1550 hinne eins hielendal net mear yn it Frysk skreaun. Dat hat te krijen mei it feit dat oare lannen hjir foar master opslaan. Dat binne yn it foarste plak de Hollanners. Troch Gysbert Japiks en in pear oaren is der yn dy iuwen noch wolris wat yn ús eigen taal skreaun. Dat Frysk, it Midfrysk, liket wol in hiele oare taal te wêzen as it Adfrysk. Guon sizze dat dat ek sa is. De Friezen binne wat de skriuwtaal oanbelanget dus eins ek in begrutlik folk.

De Friezen binne faaks earder fan Saksysk as fan Frysk komôf en de Fryske skriuwtaal giet net streekrjocht werom op it Aldfrysk! Dat binne begrutlike dingen. It Frysk dat wy no Midfrysk neame, is de taal dy’t tusken 1550 en 1800 praat wurdt mei alle ynfloeden fan om utens dy’t derby hearre. Dy taal wurdt ûnder de bedriuwen troch op ferskillende wizen opskreaun. Fan 1800 ôf prate we oer Nijfrysk en dat is wer oars. Dat men kin mei wat fan oerdriuwing sizze, dat we gjin Friezen binne en dat we eins ek net Frysk prate en skriuwe. Oer alle boegen binne we in begrutlik folk, dat is wol dúdlik. Mar it wurdt noch slimmer.

Fan ús biedwurd ‘Fysk en frij’ bliuwt hielendal neat oer. Wy ha lang tocht dat we frij wiene. As we it oer de Romeinen ha, dan lêze we gauris dat we bûten it Romeinske gebiet bleaune, mar dat we wol belesting betelje moasten. Jimme witte wol: dy te grutte kowehûden! Yn de Frankyske tiid wurde de Friezen  hieltyd fierder weromkrongen, wat it gebiet oanbelanget likegoed as wat de frijheid oanbelanget. De grinzen wurde wat se no sawat binne. It frijheidsgefoel bestiet noch yn de tiid fan de Sân Feriene Nederlannen as it gewest Fryslân en de oare gewesten mei-inoar de Spanjerts de baas wurde. Dêrnei duorret it mei dy frijheid gjin skoften mear. De Frânske tiid betsjut wat dat oanbelanget de ein. Dan wurdt it selsstannige gewest Fryslân in provinsje en dan is De Haach ek yn Fryslân skepper en skriuwer. Dat is de ein fan de Fryske frijheid. Neffens my is dat opnij begrutlik.

Yn bestjoer, rjochtspraak, ûnderwiis en fierder wurdt it troch de iuwen hinne gewoan om Hollânsk te praten en te skriuwen. Wa’t oars docht is ûnfatsoenlik en hat in protte gedoch. Party Friezen wolle gjin gedoch, wolle der gewoan by hearre, wolle gewoan Nederlanners yn dy Nederlânske provinsje wêze. Dy wolle net begrutlik, net minderweardich fûn wurde en har ek net sa fiele. Dy wolle net it gefoel ha dat se diskriminearre wurde. Dat wurde se fansels wol! De kop yn it sân stekke helpt net. It gebiet wie hieltyd al lytser wurden en sa wurdt it tal Fryske Friezen likegoed ek hieltyd lytser. Begrutlik.

Dat kin oars! Frysk prate en skriuwe, eigen dingen dwaan, dêr giet it om.  No’t it MSPI, dy Europeeske hantekenaksje foar minderheden, it helle hat, is ús dat ta stipe. Ik sei dat it oars kin, mar we moatte it wol sels dwaan. Dat doch net begrutlik, mar wês wis fan de eigen dingen. Lit ús de takomst fan it Frysk en fan Fryslân posityf besjen en ús dêrfoar yn sette. Sjong! Ferjit dat meilydsume ‘Frisia non cantat’ fan Tacitus, dy oare Romeinske skiednisskriuwer. Sjong! Dat en mear!

De foto’s binne fan aant Mulder.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 7 april yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
april 9, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Willem Hylkema april 10, 17:05

    Yn it foarste plak fiel ik my as Fries net begrutlik. As ik resint ûndersyk leauwe mei, dan binne de hjoeddeiske Friezen ôfkomstich fan Angelen út Denemarken. Alhoewol ‘ t der taalkundich net in grut ferskil tusken it Angels en it Saksysk wie yn dy tiid. It Angelsaksysk is ien taal wurden. It ferskil tusken Aldfrysk en Midfrysk is taalûntwikkeling en foar in grut part te ferklearjen út omjouwingsynfloeden. Dat is ek by it Nederlânsk en it Ingelsk te konstatearjen.

  2. Pier april 12, 14:04

    As de Friezen selsrefleksjeare soene lykas Aant dochst, soene se gjin begrutlik, mar grut(sk) folk neamd wurden kinne.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*