17e-ieusk eroatysk Frysk liet út West-Fryslân fûn

april 23, 2018 21:32

It earste kûplet fan it gedicht út 1643

Yn de santjinde ieu waard der yn Noard-Hollân hjir en dêr noch Frysk praat. No is der in Frysktalige liettekst opdûkt út 1643, út de streek Wetterlân. It is in eroatysk fers. De ûntdekker is Arjen Versloot, perfester foar it Frysk oan de Universiteit fan Amsterdam.

It ferske begjint mei de rigels ‘Myn liaf is een soo swieten dier, soo molle bolle femke.’ (‘Myn leaf is sa’n swiet dier, sa’n mûtel bol famke’). It stiet yn in boekje mei fierder Hollânsktalige leafdesferskes, dat as titel hat d’Amsteldamsche Minne-zuchtjens. It Fryske gedicht is 48 rigels lang en frijwat seksueel. Sa seit de sjonger tsjin in famke ‘dyn amer is lek, lit ús it lek tichtsje’. Dêr wol er dan syn ‘klontere molke’ wol foar brûke.

It Fryske taalgebiet wie yn ‘e betide midsieuwen folle grutter as no. In part fan West-Nederlân wie Frysktalich, lykas it hjoeddeiske Grinslân, it Dútske East-Fryslân en it no noch Frysktalige Noard-Fryslân. Yn wat no Noard-Hollân is, wie it Frysk oan ‘e ein fan ‘e midsieuwen al fierhinne weiwurden, mar it Wetterlân wie in útsûndering. Dat bestie út tige isolearre doarpkes en huzen, op eilantsjes yn it fean. Troch dy isolaasje koe it Frysk it dêr oan ‘e santjinde ieu ta folhâlde.

april 23, 2018 21:32
Skriuw in reaksje

9 opmerkingen

  1. --- april 24, 09:24

    Net ‘lykas’ it hjoeddeiske Grinslân, mar ‘lyksa’ wie it mei ensfh.

  2. K. Staversma april 24, 16:54

    En noch kin of wol de gearstaller fan boppesteand stikje ‘iuw’ en ‘Midsiuwen’ net korrekt skriuwe, eigenwiis as er/se blykber is.

  3. redaksje Skriuwer april 24, 23:06

    Bêste Staversma,
    Neffens de Steatestavering 1980 binne beide foarmen korrekt. Dy stavering is op dit webstee tastien, krekt lykas dy fan 2015. Dêr binne jo it net mei iens en wy hawwe jo al earder te witten dien dat dat feit ús no wol foldwaande bekend is. Jo meie dêr ûnder jo eigen namme gerêst in ynstjoerd stik oer skriuwe, mar mear fan soksoarte anonime reaksjes sille wy as spam beskôgje.

  4. R. van Schiedam april 25, 00:18

    Andere talen hebben Shakespeare en Vondel en Goethe, maar het Fries heeft een goor seksliedje. Moet je daar trots op zijn?

  5. Hollân wint april 25, 23:26

    It is in ”minne-zuchtje” R. eamelgat Schiedam.

  6. Cor Jousma april 26, 10:51

    Bêste Skriuwer, as jo sa as de measten fan de redaksje tichter by de 80 as by de 30 jier sitte, kin ik my foarstelle dat it dreech is om 333 wurdoanpassingen te learen. Mar it feit dat guon redaksjeleden harren “artikel” net oer de staveringshifker helje wolle, hat mei Fryske dôfhûdigens te krijen. Dy hifker fisket dy 333 wurden der samar út!

    Earder waarden de skriuwers fan de Ried fan de Fryske Beweging ferge op in korrekte stavering, no kin dy stavering sa’t it liket jo en oare leden neat mear ferre… Ik fyn it moedich dat dy Staversma der regelmjittich omtinken foar freget. Mei sokke redaksjeleden hat it Frysk ommers gjin fijannen mear nedich. FAN SPAM SPRUTSEN.

    Op de Frysktalige Wikipedia dy’t de 333 oanpassingen allang makke hat, kinne jo dy wurden fine op: https://fy.wikipedia.org/wiki/List_fan_omstavere_wurden

  7. Eric maaie 1, 10:20

    Achte Van Schiedam
    Wa lêst Vondel noch? Mar ús eigen Gysbert Japicx wurdt noch altyd lêzen. Syn wurk is faker werprinte yn de ôfrûne fearnsiuw as Vondel sines.
    Mei groet, Eric
    PS Sekslietsjes binne der yn alle talen.

  8. Erwin2. 0 maaie 2, 18:50

    Wêr kin ik de folsleine tekst fine?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.