Gerrit van Dijk wint selskipsspul Euregua!

april 14, 2018 13:00

Op sneon 7 april publisearren wy ûndersteande tekst mei in tweintichtal staveringsflaters. Wy fregen de besikers fan It Nijs om de flaters te finen en harren ferbetteringen oan ús troch te jaan. Ynstjoerder Gerrit van Dijk fan Stiens fûn achttjin fan de tweintich staveringsflaters en ferbettere dy goed. Lokwinske, jo winne it selskipsspultsje Euregua! Hjirûnder stiet de ferbettere tekst.

‘Hobbitminske’ libbe net lang njonken moderne minske

Foto: Wikipedia/Serenade

De ‘hobbitminsken’ dy’t ea op it eilân Flores libben, dielden har omkrite nei alle gedachten net lang mei moderne minsken. De krapoan ien meter grutte bonkerakken fan de saneamde Floresminske binne neffens rûzing 50.000 oant 100.000 jier âld. De lytse minskesoart wie dus mooglik al útstoarn doe’t de earste moderne minsken oankamen op it eilân. Dat berjochtet in ynternasjonaal tiim fan ûndersikers yn it wittenskiplik tydskrift Nature. Doe’t de ramten fan Homo floriensis yn 2003 ûntdutsen waarden yn de Liang Bua-grot op Flores, giene wittenskippers derfan út dat de ‘hobbitminsken’ 12.000 oant 18.000 jier lyn noch yn libben wiene.

Jiske
Floresminsken soene neffens dy teory njonken de moderne minsken libbe ha, mei’t dy likernôch 50.000 jier lyn foet oan wâl setten op it eilân Flores. Ut it nije ûndersyk docht lykwols bliken dat de bonkerakken fan de ‘hobbits’ yn earste ynstânsje ferkeard datearre binne. De âlderdom fan de bonken wie bepaald op basis fan in relatyf jong laachje jiske en ierde op de ramten. De oarspronklike, âldere, ierdlaach dêr’t de skeletten yn leine, wie lykwols folle âlder. Dat laachje is yn de rin fan de milennia fuortsliten. Omdat de bonken fan de hobbitminsken gjin 12.000 mar wis 50.000 jier âld binne, is it mar de fraach oft se mei moderne minsken libbe ha.

Utstoarn
“It liket derop dat wy as minsken net lang njonken dizze lytse soart libbe ha, en miskien sels hielendal net”, ferklearret haadûndersiker Bert Roberts fan de Universiteit fan Wollongong op BBC News. Hy tinkt dat moderne minsken in rol spile ha by it útstjerren fan de hobbitminske. Mooglik kaapte de Homo sapiens de bêste stikken lân en it bêste iten foar de noas fan Homo floriensis wei. “It hat der alle skyn fan dat wy wer belutsen binne by de ûndergong fan in soart. Alle kearen dat moderne minsken earne kamen, wie dat min nijs foar de soarten dy’t dêr al libben.”

april 14, 2018 13:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*