Ynskriuwings ynnovaasjelab ‘DORP 2018’ iepene

maart 8, 2018 11:10

Ynnovaasjelab op festivalterrein bout yn tsien dagen it prototype fan de takomst.

Studinten, ûndernimmers, keunstners en wittenskippers kinne har no ynskriuwe foar DORP 2018. Op it tsiendeiske ynnovaasjelab foarôfgeand oan it festival Welcome to The Village yn Ljouwert, wurkje jierliks 150 minsken gear om duorsume projekten te betinken, te ûntwikkeljen en ek fuort te testen.

Hairwasher op Doarp 2017

It Doarp is ûntwikkele as praktyske opgong nei in sirkulêre ekonomy yn 2050.  Dêr wurdt wurke oan in wrâld dy’t enerzjyneutraal is, dêr’t ôffal in grûnstof is en eltse drip wetter opnij brûkt wurdt. Organisaasjes en ynnovators mei in goed idee of duorsum projekt krije yn it Doarp de romte om harren ideeën earder te testen yn har ynnovaasjeproses. It idee dêrefter is like ienfâldich as ambisjeus: as in idee wurket yn de tydlike minymaatskippij dy’t in festival is, dan kin it ek yn de echte wrâld tapast wurde.

Yn DORP wurkje dêrom ûndernimmers, wittenskippers, keunstners en studinten fan 13 oant en mei 22 july gear yn ynterdissiplinêre tiims oan ferskate útdagings. Hja sille baanbrekkende ideeën fertale nei in earste prototype, duorsume ynnovaasjes fierder ûntwikkelje en dy mei it festival teste mei help fan sa’n achttûzen festivalgongers.

Op it prachtige rekreaasjterrein fan de Griene Stjer soarget DORP foar ûnder oare in folslein útrist wurkplak, ynspirearjende ko-kreaasje sesjes, begelieders en eksperts mei ûnderfining en fiifhûndert euro wurkbudzjet it projekt.

Meidwaan is fergees en as bonus krije Doarpelingen en ynnovators ek in tagongskaart foar Welcome to The Village. Ynskriuwe foar de unike snelsiedpanne foar taspaste ynnovaasje kin fia dizze link.

maart 8, 2018 11:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.