Wyfkefûgels sjonge ek

maart 18, 2018 18:42

It wyfke fan ‘e kardinaalfûgel kin ek sjonge. (Foto: Morguefile)

De obstrewaasje dat inkeld mantsjefûgels mar sjonge soene, doocht net. By in protte soarten sjonge de wyfkes krekt likegoed. Dat docht bliken út Amerikaansk ûndersyk.

Fûgeltsjelju en wittenskippers hawwe altiten oannommen dat it sjongen by sjongfûgels it wurk fan ‘e mantsjes is. Hja soene dêrmei benammen wyfkes lokje en oare mantsjes ferjeie wolle.

Europa en Amearika

Undersykster Karen Odom fan ‘e Cornell-universiteit kaam der yn 2014 efter dat der ek soarten binne mei sjongende wyfkes. Hja begûn goed trijehûndert fûgelsoarten te bestudearjen en it waard har dúdlik dat by mear as santich persint dêrfan de wyfkes likegoed sjonge as de mantsjes.

It misferstân is maklik te ferklearjen, seit ûndersykster Lauryn Benedict fan ‘e universiteit fan North Colorado. Yn Europa en Noard-Amearika binne it nammentlik yndie benammen de mantsjefûgels dy’t sjonge. Dêr wurdt ek it measte ûndersyk nei fûgels dien, troch sawol pielders as wittenskipslju. Nimt men lykwols tropyske fûgels derby, dan komt men derefter dat it sjongen dêr net in saak fan slachte is.

Ferskillende evolúsje

De ûndersyksters binne derefter kaam dat de foarâlders fan sjongfûgels allegear songen, mar dat mantsje- en wyfkefûgels yn kâldere streken ferskillende kanten op evoluearre binne: de mantsjes waarden lûder en de wyfkes stiller.

Dochs binne der yn Europa en Noard-Amearika ek soarten mei sjongende wyfkes, sa sizze de wittenskipsters. In foarbyld fan in fûgel dêr’t ûnterjochte fan oannommen is dat de wyfkes derfan net sjonge, is de kardinaalfûgel.

Mear oer it ûndersyk fan Karen Odom en Lauryn Benedict is te lêzen yn it nije nûmer fan it fûgelkundige tydskrift The Auk. Klik hjir. om harren bydrage te lêzen.

maart 18, 2018 18:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*