Wienen de âlde Friezen in begrutlik folk?

maart 13, 2018 17:02

By Utjouwerij Wijdemeer is dizze wike it boek Een meelijwekkend volk – Vreemden over Friezen van de oudheid tot de kerstening, útkommen. It is in blomlêzing fan teksten út de âldheid en iere midsiuwen dêr’t ‘frjemden’ harren observaasjes oer de Friezen en harren wengebiet yn fêstleine. Foar it earst wurde dy teksten yn sawol in Nederlânske als Fryske oersetting oanbean; dêrmei wurdt yn elk gefal wat de Fryske lêzer oanbelanget, in gat opfolle.

De perioade is rom bemetten: fan de alderâldste skriuwsels dêr’t melding yn makke wurdt fan de kontinintale kuststripe yn Noardwest-Europa, oant de lêste iermidsiuwske skriuwers dy’t harren noch fernuverje koene oer skokkende foarbylden fan Fryske nuveraardichheid.

De âldste sitaten stamme út de fiifde iuw foar Kristus, as Herodotus meldt dat út in ‘úthoeke’ wei tin en barnstien nei de beskaafde wrâld ferfearn waard. Ek al koe er de finger net op in betrouber rapport oer dy ‘bûtenrâne’ fan Europa lizze, dat it dêr lang net doogde, wie foar him sa dúdlik as wat.

Fia mear of minder bekende skriuwers út de âlde tiid fan foar en nei Kristus – fan wa’t de measten sels nea in foet oan wâl setten yn dizze omkriten – komme wy, nei de fal fan it Romeinske Ryk yn de fiifde iuw, oan by de Franken en dan foaral de striders foar it leauwe fan de Karolingers: de Angelsaksyske sindelingen. Dy wiene it dy’t, mei hoarten en stjitten, de heidenske Friezen úteinlik ‘beskaving’ brochten, yn de foarm fan it kristendom.

Freedtemiddei 16 maart wurdt ûnder de titel ‘Een meelijwekkend volk?’ op it Kristlik Gymnasium Beyers Naudé te Ljouwert in sympoasium holden nei oanlieding fan it boek. Histoarikus Jona Lendering en anglist/frisist Rolf Bremmer behannelje de fraach oft de âlde Friezen yndied in folk wiene om begrutsjen mei te hawwen, sa’t Plinius seit. Se ljochtsje ta hoe’t earst troch de Griken en Romeinen en nei harren troch Angelsaksyske sindelingen lykas Bonifatius en Willibrord, sjoen waard nei ús woeste kustlannen en harren barbaarske bewenners. It sympoasium wurdt laat troch histoarikus/sjoernalist Erik Betten.

Tsead Bruinja presintearret it gedicht “Figuranten” dat er nei oanlieding fan it boek skreaun hat.

Gegevens boek
Oersetting, ynlieding en gearstelling: André Looijenga, Anne Tjerk Popkema, Bouke Slofstra
Foarmjouwing: Gert Jan Slagter (omslag), Peter Boersma (binnenwurk)
Omfang: 240 pag.
Formaat 17 x 24
Utfiering: hardcover, mei kleurkatern
Priis € 29,95

Gegevens sympoasium
Datum en tiid: freed 16 maart, 15.30 (15.00 doarren iepen) ­– 17.00 oere
Lokaasje: Kristlik Gymnasium Beyers Naudé, Gymnasiumstrjitte 36, 8932 GW Ljouwert
Tagongspriis: € 5,00 (learlingen en âlders fergees)

maart 13, 2018 17:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*