Wannear is Jan in soan fan Pyt?

maart 12, 2018 08:34

Jan, soan fan Pyt?

Op sneon 31 maart hâlde Kees de Boer en Anne Hielke Lemstra in lêzing foar it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. 

By in grut tal situaasjes bestiet der dúdlik bewiis wêrom’t Jan in soan fan Pyt is, mar by djipper dollen yn de argiven is dat faak net mear sa wis. It soe kinne en it soe net kinne. Dêr wolle De Boer en Lemstra harren yn harren lêzing mei dwaande hâlde.

A. Oanwizingen
Der binne sa likernôch tolve arguminten fûn, dy’t gjin bewizen mar allinne oanwizingen foar in filiaasje binne. Miskien binne der noch wol mear oanwizingen. De fraach is dan: hoe moatte dy oanwizingen wurdearre wurde? En is der ek ferskil yn belang tusken ferskillende oanwizingen?

B. Foarbylden
Fan wa is dizze man in soan? Dêrnei sille in grut tal foarbylden besprutsen wurde dêr’t allinne mar oanwizingen foar binne: Jan is wol of net in soan fan Pyt. Of: in hiel oare Jan is in soan fan Pyt.

C. Jierboeken
Al dwaande mei sokke oanwizingen kamen de jierboeken ek te praat. Elk nij jierboek komt by de ferskining ien kear yn besprek. Kin in nij ferskynd jierboek ek in gruttere rol spylje by it dwaande wêzen fan it Genealogysk Wurkferbân?

De gearkomste wurdt holden yn Café Wouters, Sophialaan 5, Ljouwert en begjint om 13.30 oere. Belangstellenden binne fan herten wolkom. De tagong is fergees.

Parkearje kin yn de parkeargaraazjes Zaailand en de Klanderij en op it P+R parkearplak Wynhorsterstrjitte efter it stasjon.
Sjoch ek op de webside: https://www.fryske-akademy.nl/nl/genealogy

maart 12, 2018 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*