Waarpraatsje: op ’e nij tige kâld waar kommendewei

maart 13, 2018 18:55

Argyffoto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in moaie moandei mei yn ’e rin fan de dei, foar de tiid fan it jier swiere tonger boppe guon plakken yn Fryslân en in frij kâlde tiisdei, sit der foar it oansteande wykein op ’e nij tige kâld wintersk waar oan te kommen.

Yn ’e nacht fan tiisdei op woansdei sil it neist in berûne loft, sa út en troch ek helder wêze. Der kin damp ûntstean. De wyn is swak oant matich en komt út ferskate rjochtingen. De temperatuer leit (krekt) boppe it friespunt.

Woansdei is de loft berûn, mar de sinne sil ek te sjen wêze. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen, letter eastlik en it wurdt sân graden. It bliuwt drûch.

Tongersdei is de loft, neist in glimp fan de sinne, meastentiids berûn. Der kin wat reinwetter falle. It wurdt by in matige súdeastewyn njoggen graden.

Fan freed ôf wurdt it kâlder mei letter sels lichte oant matige froast yn ’e nacht. Oerdei komt de temperatuer krekt boppe it friespunt. Sneon is de kâns op wat snie net hielendal útsletten.

Jan Brinksma

 

 

maart 13, 2018 18:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.