Waarpraatsje: mylder, mar minder sinne

maart 20, 2018 19:00

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in moaie mar noch wol frisse tiisdei wurdt it stadichoan wat mylder mei in tanimmende kâns op wat delslach.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei rekket de loft stadichoan berûn en kin der in wat reinwetter falle. In bytsje wiete snie is ek net hielendal útsletten en op guon plakken kin it wat dampich wurde. De swakke wyn is noardwest en de temperatuer leit om it friespunt hinne.

Woansdei is de loft berûn mar de sinne sil ek te sjen wêze. Op guon plakken kin der wat storein falle. De westewyn is swak oant matich. It wurdt seis graden.

Tongersdei sille we de sinne net folle sjen. Sa út en troch reint it wat. De noardwestewyn is swak oant matich en it wurdt sân graden.

Fan freed ôf wurdt it noch in bytsje mylder, mar maitiidswaar is foarearst net oan de oarder.

Jan Brinksma

 

 

maart 20, 2018 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.