Waarpraatsje: myld mar ritich

maart 11, 2018 19:25

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in skier wykein, mar wol myld.

Yn de nacht fan snein op moandei kin der op in protte plakken damp úntstean. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen. It wurdt fiif graden.

Moarn is der earst ek noch damp. Letter is de loft berûn, mar in glimp fan de sinne is ek net hielendal útsletten. Der kin oars ek in bui falle. De súdewyn is swak oant matich en it wurdt alve graden.

Tiisdei falle der in pear buien en is it mei sân graden in bytsje kâlder. De westewyn is meast matich. Der is op ’e nij net folle sinne.

Nei tiisdei feroaret der earst net folle.

Warskôging: Jûn, yn de nacht fan snein op moandei en moandeitemoarn moat it ferkear rekken hâlde mei min sicht fanwegen dampich waar.

Jan Brinksma

 

maart 11, 2018 19:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*