Ut ‘Roman fan in hielmaster’ (7)
Resint ferskynd
De blide boadskipper
troch Eric Hoekstra
Johannes wurdt finzen nommen en ik set op myn thúslân ta. De profeet Jesaja neamt it ‘Galileä fan ’e heidenen’ en skriuwt dêroer:
“It folk dat yn ’e tsjusterens tahâldt, sjocht in skitterjend ljocht, en hja dy’t wenje yn it skaad fan ’e dea, wurde troch it ljocht beskynd.”
Ik set my yn Kafarnaüm nei wenjen. Dêr begjin ik minsken te fertellen hoe’t se libje moatte. Sa ferkundigje ik Gods boadskip. En dat is:
Hâld fan God. Hy is it Goede. Dat is it earste gebod.
Hâld faninoar. Wês goed foarinoar. Dat is it twadde gebod.
Want God is leafde.
Leau yn God en it keninkryk fan God is yn dy.
Net dêr, net moarn, mar hjir en no yn dy.
Gean hinne en sûndigje net mear en doch it Goede.
Want God is leafde.
De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon publisearre.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje