Ut ‘Roman fan in hielmaster’ (8)

maart 24, 2018 07:20

Fiskers fan minsken

troch Eric Hoekstra

Mozayk út de seisde iuw yn de basilyk San Apollinare Nuovo te Ravenna (Italië); foto © 2011 A. van den Akker s.j.

Simon en Andreäs, twa bruorren, hiene har netten útsmiten yn ’e mar fan Galileä. Ik sis tsjin harren:
“Kom, folgje my. Dan kinne jim fiskers fan minsken wurde.”
Dat dogge se en wy wurde freonen op ’e Wei.

Efkes fierderop binne Jakobus en Johannes, twa bruorren, oan it fiskjen. Ik rop har en se litte har âlde libben efter har en folgje my op ’e Wei.

Sa komme wy yn Kafarnaüm. Sagau as it sabbat is, de Joadske rêstdei, sette wy nei de synagoge ta en ik sprek dêr. Guon minsken sizze tsjininoar:
“Hy sprekt net as de autoriteiten fan ’e synagoge mar as ien dy’t syn ropping streekrjocht fan God krigen hat.”
Oaren binne fernuvere of entûsjast of lilk. Wer oaren sizze:
“Wat sille wy no hawwe? In nij leauwe streekrjocht fan God?”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon publisearre.

 

 

maart 24, 2018 07:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*