Ut ‘Roman fan in hielmaster’ (6)

maart 10, 2018 07:03

Yn ferlieding

troch Eric Hoekstra

Gustave Doré (1832 – 1883),
De ferlieding fan Jezus troch de duvel

Dêrmei driuwt Gods azem my fjirtich dagen de woastyn yn.
Dêr ferwurkje Ik it ûntsachlike dat my oerkommen is.
En dêr wurd Ik hifke.

De ferlieding beset my en wurd in keapman yn kostbere stiennen, dat Ik se ruilje om de earmen brea te jaan. Mar Ik sis tsjin mysels, de minske libbet net fan brea alinne, mar fan alles dat út Gods mûle komt.

De ferlieding beset my en hifkje God troch fan de timpelpoarte te springen en te sjen oft Hy my rêde sil. Mar Ik fiel fuortdaalks, it is net goed om God te hifkjen. Hy hifket de minske en net oarsom.

De ferlieding beset my en wurd kening fan in machtich lân. Soe Ik as kening net in protte goeds foar it earm en jammerdearlik folk dwaan kinne? Mar nee, myn keninkryk is net fan dizze ierde. Myn wei is de wei fan God. Earst troch God te tsjinjen, kin men de minsken tsjinje en net oarsom.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon publisearre.
maart 10, 2018 07:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.