Unyk ferfangingskarwei Wetterskip Fryslan

maart 25, 2018 16:00 Fernijd

Wetterskip Fryslân ferfangt fan ’e maitiid trije grutte dûkers yn de Lege Wâlden, by Eagmaryp yn ’e buert. Troch it enoarme formaat giet it om in unyk karwei; ien fan de buizen is hast fyftich meter lang en hat in trochsneed fan 1.60 meter. Dêr binne twa kranen by nedich.

Foar elke dûker rekkenet it wetterskip in moanne. De ôfwettering stiet dan salang stil. Mei in tydlike pompynstallaasje wurdt dêryn foarsjoen.

Jierren sechtich
De buizen dy’t no ûnder de Syltsjesleat en de Lykfeart lizze, binne út de jierren sechtich fan de foarige iuw. Dat wie doe om de polders oaninoar te kepppeljen. Foar in goede ôfwettering foldogge se no net mear, mei’t de konstruksje ferâldere is en se foar in part ynsakke binne. Dat kin wetteroerlêst jaan. Mei de trije grutte dûkers wurdt dat ferholpen.

maart 25, 2018 16:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.