Underwiisynspeksje freget trijetalige skoalle om Nederlânsk te brûken

maart 14, 2018 23:35

“Frysk, mar net altiten frij. Dêr mei ‘k net oer.” Dat skriuwt ûnderwizer Willem Riemersma op Facebook. Riemersma wurket op ‘e trijetalige basisskoalle De Wel yn Broeksterwâld. Tiisdei krige dy skoalle besite fan in ûnderwiisynspekteur. Riemersma beskriuwt har as “in ynspekteur foar Fryslân, Grins en Drinte mei heech-Haarlemmerdyks, dy’t op myn fraach seit it Frysk min te ferstean. En seit dat se graach hat dat ik yn it Hollânsk praat.”

Riemersma beskreau dat syn kollega’s net protestearren en dat er net allinne de striid oangean woe.

“Dat doe ik dan uit beleefdheid maar”, sei er dêrom tsjin de ynspekteur. Hy skriuwt dat it net fan herten wie: “Oars wie der it risiko op in psychologysk, miskien sels feitlik minpunt, omreden fan it Frysk. En hie ‘k de skoalle te pakken.”

Klik hjir om Riemersma syn stik op Facebook te lêzen.

maart 14, 2018 23:35
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Duh maart 15, 10:19

    Yn sokke gefallen moatte jimme tenei fuort oergean op it Ingelsk.

  2. Duh maart 15, 10:22

    Excuse me, I don’t understand Dutch. Dat soe har teplak set ha. Net sa SKITERICH wêze.

  3. Erwin2.0 maart 15, 13:59

    Krekt as Duh seit…

  4. Skoalmaster maart 15, 15:52

    Wêrom wie de ynspeksje dêr? Om te hifkjen oft it nivo fan it Frysk goed wie, oft in ûntheffing terjocht ferliend wie? Dat is dochs har taak en as dizze ynspekteur gjin Frysk ferstean of prate kin, is se dêr net geskikt foar!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.