Turkije wer populêr by Nederlânske toeristen

maart 13, 2018 08:59

Nederlânske toeristen hawwe Turkije, Egypte, Grikelân en Tunezië wer yn de earmen sluten. It toerisme nei dy lannen om de Middellânske See hinne rûn de ôfrûne jierren sterk werom fanwege de feilichheidssituaasje.

Foto: pixabay.com

Sa wie der yn bygelyks Turkije yn ’e simmer fan 2016 in besykjen ta in steatsgreep en hie it lân te krijen mei oanslaggen troch ûnder oare IS, wêrnei’t it toerisme ynstoarte. Reisbrânzjeorganisaasje ANVR seit dat it tal boekings foar it lân yn jannewaris mei njoggentich persint tanaam yn ferliking mei jannewaris ferline jier.

Grikelân en Egypte binne ek wer yn byld, sizze reisorganisaasjes. Neffens Corendon geane de boekings foar dy twa lannen sa hurd dat fakânsjes op de populêrste data nei alle gedachten yn april al útferkocht binne. It tal fakânsjes nei Tunezië groeit stadich. De ANVR seit dat de lege prizen foar Turkije, yn kombinaasje mei de kwaliteit, oantreklik binne foar Nederlânske toeristen.

Malafide bedriuwen
Yn De Telegraaf warskôgen it Konsumintebûn en de Fraudehelpdesk foar malafide bedriuwen dy’t fakânsjegongers oplichtsje wolle. “Wy krije in protte klachten oer dubieuze bedriuwen as Best Tip, Fly a Way, VakantieGarant en DeReisplanner”, warskôget in wurdfierder fan it Konsumintebûn yn ’e krante. “Der wurde telefoanysk fakânsjehuzen en sinnereiskes oanbean mei in ûndúdlik foarstel. Faak mei hege koartings. Sabeare om’t je in priis wûn ha. Traapje der net yn.”

Neffens it bûn hearre je neat mear oer de reis, mar krije slachtoffers nei twa wike wol in rekken fan in pear hûndert euro, om’t se gebrûk makke hawwe soene fan de tsjinsten fan de oplichters. Der wurdt drige mei djoere ynkassoprosedueres. It advys is om net te beteljen, mar oanjefte te dwaan.

maart 13, 2018 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.