Trije bekende keunstners yn Sleat

maart 20, 2018 09:01

Fernijd museum lokket mei Fryske ferliedingen ynternasjonaal keunsttoerisme nei Sleat.

Op freed 30 maart iepenet Museum Sleat syn doarren foar wer foar in bysûnder museumseizoen. Elts jier wurdt yn Sleat neist de fêste kolleksje tsjoenlantearnen en histoaryske foarwerpen, in útstalling fan hjoeddeiske keunst fan Fryske keunstners gearstald. Dit jier lit it museum wurk fan Evert van Hemert, Hiske Wiersma en Hendrik Elings sjen ûnder de titel Fryske Ferliedingen/Frisian Seductions.

De útstalling is ûnder oare opset om de toeristen út bûten- en binnenlân dy’t dit jier yn ferbân mei KH2018 nei Fryslân ta komme in ympresje te jaan fan it Fryske lânskip troch alle seizoenen hinne. Tanksij de dizze moanne klearkommen ferbouwing fan de yntreeromte kinne de gasten op in passende wize ûntfongen wurde.

Frisian Seductions/Fryske Ferliedingen
It museum spilet mei de útstalling yn op it feit dat Fryslân mei Ljouwert as Kulturele Haadstêd dit jier yn it brânpunt fan de ynternasjonale belangstelling fan keunstleafhawwers stiet. De Fryske Alve Stêden binne fia ferskate projekten, wêrûnder it Eleven Fountains-projekt, behelle by de keunstmanifestaasjes dy’t organisearre wurde. Museum Sleat nûge trije bekende Fryske skilders en byldhouwers út om in útstalling te meitsjen dy’t behalve foar de reguliere museumbesiker ek de ynternasjonale keunstleafhawwers oanlûke soe.

Under oanfiering fan de keunstner Evert van Hemert út Kolderwâlde late dat ta in bysûndere eksposysje fan wurk mei in heech gehalte oan typysk Fryske ûnderwerpen. Wat Van Hemert ferbynt mei syn kollega-keunstners Hiske Wiersma en Hendrik Elings is harren leafde foar it Fryske lânskip en alles dat dêryn omrint. De titel fan de eksposysje is dan ek ûntliend oan de dielde ferlieding dy’t sy fiele om de Fryske loften, in langmoedich kowe-each of in tsjeppe boerefaam fêst te lizzen op it linnen of yn brûns ta stilstân komme te litten. Alle trije keunstners hawwe ôfsûnderlik harren spoaren yn de keunstwrâld al in skoftlang fertsjinne.

Gegevens
Museum Sleat, Hearewâl 48, 8556 XW Sleat, www.museumsloten.nl.
De útstalling rint oant en mei 31 oktober.
It museum is iepen fan 3 april o/m 31 oktober, ti-fr 11.17 oere, sn-sn 13.17 oere, feestdagen sletten.

maart 20, 2018 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.