Tenei twa jier finzenis foar skiljen efter it stjoer

maart 7, 2018 21:16

Ljuwe dy’t de faderlânske diken ta in gefaar meitsje troch al autoridend te skiljen of in app-berjocht te typen, kinne tenei twa jier finzenisstraf krije, as it oan minister fan justysje Ferdinand Grapperhaus leit. De minister is der, sa docht er te witten, “helemaal klaar mee” dat autoriders oareljus libben bedriigje, “omdat ze zo nodig iets moeten appen.”

De oerheid fiert al gâns in hoart kampanje om ferkearsdielnimmers derfan ôf te hâlden en brûk de telefoan. Yn ’e auto is it al ferbean om ’e telefoan yn ’e hân te hâlden. Gâns autoriders bekroadzje harren lykwols net om dat ferbod, mei om’t de kâns dat hja trappearre wurde de lytse kant neist is.

In frou dy’t al append op ’e fyts in âldwyfke dearied, krige fan ’e wike fan ’e rjochter in taakstraf fan 150 oeren. It Nijs berjochte dêr earder al oer (link).

Sokke deariders soene, as hja yn ’e auto sitte, seis jier ûnder de pannen ferbliuwe moatte, is it betinken fan ’e minister. Wa’t net in ûngemak feroarsaket, mar wol efter in autostjoer sit te appen of te skiljen, makket him skuldich oan nuodlike riderij en kin twa jier yn ’e finzenis bedarje.

Net inkeld telefoanderij is nuodlik efter it stjoer. Troch read ride of ynhelje op sa’n manier dat oaren yn gefaar komme, soe ek swierder bestraft wurde moatte, sa tinkt de minister. Hy wol dat minsken dy’t mei in slok tefolle efter it stjoer sitte ynstee fan trije moanne in jier finzenisstraf krije kinne.

It is safier oars noch net. De Rie fan Steat sil earst oer de plannen fan ’e minster gear en dêrnei moatte beide Keamers der noch oer kedize.

Wat yn alle gefallen net bestraft wurdt, is it betsjinjen fan in telefoan dy’t yn in hâlder op it knopboerd sit. De rjochter hat hjoed oardiele dat inkeld it beethâlden fan in telefoan mei de hân neffens de wet strafber is. In automobilist dy’t in print krige hie, om’t er wat yntoetste op in telefoan yn sa’n hâlder, hoecht dy boete fan ’e rjochter dan ek net te beteljen.

maart 7, 2018 21:16
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. HJW maart 8, 18:26

    In minister nei myn hert!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*