Tegel derút, stokroas deryn!

maart 11, 2018 15:47

Drylts yn aksje foar NL Doet

Tsientallen frijwilligers út Drylts en grienmeiwurkers fan Súdwest-Fryslân hawwe sneontemoarn stokroazen foar de gevels plante. Wethâlder Mark de Man holp mei. Buertferiening Ald Drylts organisearre de griene NL-Doetdei fanwegen it 750-jierrich bestean fan Drylts en it meidwaan oan in lanlike grienwedstriid.

Tegel derút, stokroas deryn!
De buertferiening en de gemeente woene de tunen foar de gevels yn ‘Ald Drylts’ fergrienje. “Duorsumheid hat in foaroansteand plak yn ús koälysje-akkoart”, seit de wethâlder. “Dêr in stientsje oan bydrage troch in stien fuort te heljen is al it minste wat men dwaan kin. Dat hieltyd mear minsken de tún folslein betegelje soarget net allinne foar in oare útstrieling, mar hat ek effekt op de natuer en de krite dêr’t wy wenje. Mei soksoarte fan inisjativen meitsje wy inoar bewust hoe ienfâldich oft elkenien der praktysk oan bydrage kin.”

De gemeentlike grienmeiwurkers joegen de bewenners om de Iegrêft hinne fergees túnadvys en planten in stokroas. Dy bloeie fan ’e simmer en jouwe de histoaryske gevels in moai oansjen. In soad ynwenners holpen mei. Majanka Faber, foarsitter fan Stedsbelang: “Leden fan de buertferiening binne altyd te puonnen foar it mienskiplik moaier meitsjen fan Ald Drylts! De ôfrûne jierren hawwe se mei Stedsbelang en de ûndernimmersferiening ‘Drylts yn Wintersfear’ ûntwurpen en yn gong set. No nimt de buertferiening it inisjatyf om bûten de wintermoannen de oanklaaiïng ek op te fleurjen. Geweldich dat sa’n soad minsken meihelpe!” In kom snert nei ôfrin wie wol fertsjinne.

Entente Florale
Ein juny komt de sjuery fan Entente Florale nei Drylts en omkriten. Foar dy ynternasjonale grienkompetysje is Súdwest-Fryslân oansocht en dy hat Drylts as kearn oanwiisd, omdat de stêd 750 jier bestiet. Drylts hat fansels unike oertunen, de Stedsleane wurdt opknapt en der wurdt in nij houtmuseum iepene. Yn it ramt fan LF2018 kriget de stêd in bysûndere blommefontein yn in nij parkje.

De sjuery besjocht it grien, mar ek kultureel erfskip, rekreasjemooglikheden en duorsumheid. Oare gemeenten dy’t meidogge binne Bronckhorst, Voorst, Huizen, Leiderdorp, Wageningen en Edam-Volendam. Yn septimber wurdt de útslach bekend makke.

maart 11, 2018 15:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.