Taalstriid ferdielt Noard-Ierske universiteit

maart 14, 2018 23:14

Yn 1980 krige de Queens University yn Belfast twatalige buordsjes. Dy hongen der santjin jier. Yn 1997 krige de universiteit in brief fan de arbeidsynspeksje. Dy skreau dat de oanwêzichheid fan Ierske teksten net paste op in “neutraal wurkplak”. De universiteit helle se doe fuort en ferfong se troch buordsjes mei inkeld Ingelsktalige opskriften.

Hoewol’t it Ingelsk de memmetaal is fan de befolking fan Noard-Ierlân, is it Iersk de oarspronlike taal. In minderheid fan ‘e befolking praat de taal noch. Under de studinten binne ek Ierskpraters. De Ierske taalorganisaasje An Cumann Gaelach frege de universiteit dêrom koartlyn oft dy de twatalige buordsjes net wer ophingje koe. It antwurd ferwûndere de organisaasje tige.

Neffens universiteitsbestjoerder James McElnay past twataligens net yn in neutrale situaasje. Hy skreau oan An Cumann Gaelach: “De universiteit fiert in belied fan lykweardigens en ferskaat, en hat dêrom de plicht om likense kânsen te befoarderjen. De universiteit wol dêrom in neutraal wurkplak skeppe en ûnderhâlde dat rjocht docht oan it ferskaat ûnder de meiwurkers en studinten. Kêst 3.1 fan ús beliedsdokumint skriuwt foar dat de universiteit soargje moat foar “in noflik en harmonieus fermidden sûnder flaggen, emblemen, affysjes, graffity en oare materialen, aktiviteiten of taal dy’t nei alle gedachten wjerstân oproppe, misledigjend binne of yntimidearjend wurkje.”

An Cumann Gaelach wie sa lilk dat de organisaasje hjoed in demonstraasje op it universiteitsterrein hâlden hat. “It is dúdlik”, stiet op ‘e Facebook-side fan An Cumann Gaelach, “dat it universiteitsbestjoer it Iersk sjocht as in taal dy’t wjerstân opropt, misledigjend is en yntimidearjend wurket. Dat antwurd akseptearje wy net. Wy geane troch mei aksjefieren oant de Iersktalige mienskip syn rjocht kriget. Wy easkje fuortendaliks in petear mei de bestjoerders.”

In wurdfierster fan ‘e universiteit seit yn de krante The Belfast Telegraph dat de universiteit “him tige ynspant foar de promoasje fan de Ierske taal troch kursussen Iersk oan te bieden.”

Klik hjir foar de Facebookside fan An Cumann Gaelach.

maart 14, 2018 23:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.