Stjoerderke yn auto Puigdemont

maart 26, 2018 15:44

Carles Puigdemont (foto: Wikipedia/Generalitat de Catalunya)

De Spaanske geheime tsjinst hat de auto fan de Katalaanske presidint Carles Puigdemont yn Helsinki foarsjoen fan in stjoerderke, dat oanjoech wêr’t er wie. Dat docht it Spaanske parseburo Efe te witten. Neffens it parseburo waard Puigdemont permanint folge troch in groep fan tolve aginten fan ‘e Spaanske feilichheidstsjinst CNI.

Puigdemont waard snein troch de Dútske plysje arrestearre, doe’t er op ‘e weromreis fan in lêzing yn Helsinki weromried nei België, dêr’t er sûnt syn flecht út Kataloanië wennet. Nei it oerstekken fan ‘e Deensk-Dútske grins waard er oppakt. Hy sit op it stuit yn Neumünster yn ‘e finzenis. De Dútske justysje hat twa moanne om te besluten oft er útlevere wurdt oan Spanje.

maart 26, 2018 15:44
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Carlito maart 29, 14:17

    In demokratysk keazen presidint wurdt behannele as in krimineel, wylst de ûndemokratyske, ûnkeazen en korrupte wiere kriminelen fan de Europese Kommisje frij yn ús rjochten en jild omtyskje. It wurdt tiid foar in Europa fan de (50) regio’s yn’t plak fan de ûnderdrukkende “natie”(nazi?)-steaten.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.