Soarchautoriteit bringt besite oan fertochte toskedokterspraktiken

maart 12, 2018 11:40

Foto: morguefile.com

De Nederlânske Soarchautoriteit (NZa) en de Ynspeksje foar Sûnenssoarch en Jongerein (IGJ) sil ûndersyk dwaan nei fraude by toskedokterspraktiken mei röntgenfoto’s by bern. Hja nimme de deklaraasjes fan acht praktiken ûnder de lûp. Neffens de gegevens fan de NZa meitsje de acht praktiken folle mear röntgenfoto’s by bern as gebrûklik. By de besite fan de soarchautoriteit en de ynspeksje moatte de praktiken útlizze hoe’t dat komt.

By it meitsjen fan röntgenfoto’s komt strieling frij dy’t skealik wêze kin foar de sûnens fan lytse bern. Toskedokters meie dêrom gjin ûnnedige foto’s meitsje. It is de twadde kear dat de NZa in kontrôlewike hâldt by toskedokters. De earste kear wie yn septimber ferline jier. Doe die de soarchautoriteit ûndersyk by toskedokters dy’t faker as yn trochsneed in rekken stjoerden foar it útfreegjen fan de medyske skiednis.

maart 12, 2018 11:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*