Skeel om behear Eastfardersplassen noch lang net útiten

maart 13, 2018 20:12

Minister fan Lânbou Carola Schouten hâldt har bûten it belied foar de Oostvaardersplassen, sa docht hja te witten yn in antwurd op keamerfragen. Se skoot de hite jirpel troch nei de Provinsje Flevolân en nei de kommisje Van Geel, dy’t it belied yn opdracht fan dy Provinsje hifket. Hja beklammet wol dat Steatsboskbehear it wyldbehear neffens alle ôfspraken útfierd hat en dat it bistewolwêzen dêr in wichtich útgongspunt by wie. Dat lêste wie okkerdeis oanlieding foar reboelje om’t in protte bisten ferhûneloartsje en dêrom wurdt der no wol byfuorre.

Biolooch Frans Vera, ien fan de betinkers fan it natuerlike behear fan de Eastfardersplassen, fynt dat gjin oplossing. “De sterkere dieren sille oan harren gerak komme mar de swakkeren net.” Byfuorje fersteurt boppedat de natuerlike spiisfertarrring fan de bisten, dy’t no op de winter ôfregele is, sa wol Vera ha. By einbeslút sil it byfuorjen liede ta gruttere populaasjes en sadwaande ta trochgeande krapte oan fretten en oanboazjende lijerij. Vera: “Dit binne gjin hûs- of manegedieren; algeduerigen wurde de noarmen en wearden dy’t dêrfoar jilde nei de Eastfardersplassen oerset, mar dat kin fansels net.”

Reaharten yn de kealfretten Eastfardersplassen © GerardM / wikipedia

In oarenien dy’t belutsen west hat by it stal jaan fan it natuerbehear yn de Eastfardersplassen, heechlearaar natuerbehear Frank Berendse, fynt lykwols dat it eksperimint mislearre is. It hie in parkachtich gea wurde moatten, sa ferdútst it eardere lid fan de wittenskiplike advyskommisje foar it gebiet. De ferwachting wie dat der in parkeftich lânskip ûntstean soe, meidat stikelige struken lykas hagedoarn en krikelbeam beskerming biede soenen oan oar strewelleguod. By the New Forest yn it suden fan Ingelân wurket dat sa. Mar hjirre wreide it gers oer it stikelguod hinne en it wyld tefriet alles, oft it no stikels hie of net. Fangefolgen ûntstie der in folslein kealfretten desolate flakte. It begruttet Berendse no om de konikhynders, de heckkij en de reaharten dy’t dêr fertoarkje. Hy sit der ek oer yn noed dat it natuerbehear no by de grutte kliber op in minne namme komt te lizzen. Om’t it mei it wiete part fan de Eastfardersplassen wol goed giet, pleitet Berendse derfoar om it hiele gea splis te setten. “It is de baas en lit dêr in swiid sompegea út fuortkomme, dêr’t oprjochte natuerleafhawwers in protte wille fan ha kinne.”

Mar neffens miljeufilosoof Jozef Keulartz, foarsitter fan de Stifting Natuerlike Prosessen, wurdt der tefolle mei blynkapen nei de problematyk sjoen. In protte minsken tinke dat it wyld it op de Feluwe folle better hat, mar hy sketst in hiel oar byld. Hy wiist derop dat de wyldpopulaasjes dêre stikemwei troch ôfsjitten werombrocht wurde nei ‘doelstannen’, basearre op de ‘maatskiplike draachkrêft’, fan net mear as twa oant trije bisten de hûndert bunder. Om sokke nivo’s te berikken, hâldt Keulartz út, komme ôfsjitpersintaazjes fan 60 oant 70 % foar reaharten en 80 oant 90 % foar wylde bargen geregeldwei foar. “Fan de 5000 wylde bargen dy’t op it stuit yn it gea sitte, moatte der 5000 ôfsketten wurde. By sokke ôfsjitpersintaazjes is der fansels nea te min fretten.” Keulartz fernuveret him deroer dat de jierlikse ‘pro-aktive’ slachtings fan sûne bisten op de Feluwe gjin reboelje opsmite. Yn de Eastfardersplassen lizze de langjierrige ôfsjitpersintaazjes om de 25 % hinne en dat is te rêden om in ‘reaktyf’ yngripen om ûnnedich diereleed foar te kommen. Hawar, it espeltsje wyld dat oerbliuwt hat it dan yn alle gefallen wol nei it sin, op de Feluwe? Perfoarst net, seit Keulartz, om’t harren sosjale organisaasje oan flarden sketten wurdt. Hy ûnderbout dat mei de trochsneed libbensferwachting fan it oerbleaune wyldbeslach. “Dat is in wichtige yndikator foar bistewolwêzen. Reaharten wurde op de Feluwe mar heal sa âld as yn de Eastfardersplassen. Wylde bargen wurde net âlder as fjouwer jier, wylst se yn it wyld sa’n njoggen jier wurde kinne. Lit de folksgrime him dêrop rjochtsje.” Keulartz wiist der boppedat op dat jacht en byfuorjen de ‘ferside wintersliep’ fan harten, dy’t bewurkmasteret dat harren lichemstemperatuer nei 15 graden sakket sadat hja de helte minder enerzjy brûke en mei folle minder fretten takinne, yn de bulten jeie. Fierders wurdt by de troch de jacht teweibrochte lytse wyldpopulaasjes dy’t by de rûs te fretten ha, de reproduksje stimulearre. Wylde bargen smite sadwaande fjouwer kear safolle bichjes en Feluwske hartegeiten krije ien oant oardel kealtsje, foar 0,6 yn de Eastfardersplassen oer. It wyldbehear op de Feluwe is dêrom, sa konkludearret Keulartz, ‘dweilje mei de kraan iepen’ en sadwaande perfoarst gjin goed foarbyld.

Der wurdt al lang oer de Eastfardersplassen redendield, sjoch bygelyks dit artikel fan omtrint 8 jier lyn op It Nijs. En dat it iene gea it oare net is, docht ek bliken út It geheim fan de Eastfardersplassen.

maart 13, 2018 20:12
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Redaksje (oanfolling) maart 14, 10:45

    Frans Vera reagearret hjoed yn Trouw op it idee fan Frank Berendse om fan it hiele gebiet ien grutte sodze te meitsjen. Kin net, seit er, op grûn fan eardere ûnderfinings yn East-Flevolân.Troch de hege fruchtberens fan de boaiem sil der al gau bosk ûntstean. It meanen fan sa’n grut oerflak is net te beteljen, ornearret er. It besteande relatyf lytse wiete part wurdt no fergees iepen holden troch guozzen dy’t reid en tuorrebouten frette. Mar dy ha it drûge stik likegoed nedich.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*