Sertifikaat twatalich wurkjen foar bernedeiferbliuw yn Aldegea (Sm.)

maart 6, 2018 10:49

Bernedeiferbliuw ’t Fleurige Flinterke yn Aldegea, dat him sûnt augustus 2013 op it stimulearjen fan de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern rjochtet, hat it sertifikaat twatalich wurkjen helle. Dat is mei de bern fierd. Riemkje Hoogland joech der in foarstelling by. Eigener Jacqueline van der Velde krige it sertifikaat oerlange.

‘t Fleurige Flinterke en twatalichheid
‘t Fleurige Flinterke is een partikuliere berne-opfang foar bern fan 0 oant 4 jier. Dêrnjonken is der ek bûtenskoalske opfang én binne se sûnt septimber 2017 dwaande mei in pjutteplusgroep. Doe’t yn 2013 start waard mei it sertifisearringstrajekt, hie Jacqueline van der Velde it bernedeiferbliuw krekt oernommen en stiene se op it punt om te ferhúzjen nei basisskoalle De Diamant.
It wurkjen mei in twatalich belied past goed by ‘t Fleurige Flinterke. Guon liedsters prate Frysk en guon Nederlânsk. Der wurdt yn beide talen songen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik faninoar te skieden, leare de bern de talen goed útinoar te hâlden en kinne se letter makliker in tredde en fjirde taal leare.

De saneamde fisitaasjekommisje wie goed te sprekken oer de oanpak by ‘t Fleurige Flinterke, dat begelaat waard troch it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 210 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

maart 6, 2018 10:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.