Selsridende auto fan Uber rydt fuotgonger dea

maart 21, 2018 07:45

De Tesla S hat in autopiloat-funksje (foto: Wikipedia/Jusdafax)

In selsridende auto fan taksybedriuw Uber hat yn de Amerikaanske stêd Tempe (Arizona) in fuotgonger deariden. It slachtoffer is in frou dy’t de dyk oerstuts, neist it sebrapaad. Hja ferstoar yn it sikehûs oan har ferwûnings. De Uber-auto ried op de automatyske piloat, mar der siet wol ien efter it stjoer. Foar safier bekend is dit de earste kear dat in selsridende auto in fuotgonger deariden hat. Yn 2016 kaam wol de bestjoerder fan in selsridende Tesla by in ûngelok om it libben.

Uber eksperimintearret mei selsridende auto’s yn Pittsburgh, San Francisco, Toronto en de regio Phoenix, dêr’t ek Tempe ûnder falt. Al dy eksperiminten binne nei it deadlike ûngelok yn Tempe útsteld. Uber hat syn meilibjen betsjûge oan de famylje fan it slachtoffer en seit folslein mei te wurkjen oan it ûndersyk nei it ûngelok.

maart 21, 2018 07:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.