Schimmelruder: ‘Der Schimmelreiter’ aanst yn it Grinslânsk

maart 18, 2018 18:09

‘Der Schimmelreiter’ fan Theodor Storm komt dit jier út yn in Grinslânske oersetting. Dat makket de Stichting Uitgaven Noord-Groningen buorkundich. It ferneamde boek ferskynt nei ferwachting yn septimber.

Storm syn histoarysk ferhaal is ien fan ‘e ferneamdste Dútsktalige boeken. It spilet yn Noard-Fryslân, yn ‘e lette achttjinde ieu en fertelt hoe’t de jonge dykgraaf Hauke Haien opbokselje moat tsjin de wanleauwige Noard-Fryske befolking, dy’t mear betrout op wrede tradysjes as op technyske kennis. Yn Noard-Fryslân jildt it boek as in wichtich symboal fan de Fryske identiteit.

De Grinslânske oersetting is makke troch Kees Reinders en Fré Schreiber. Hja hawwe it boek in bytsje bewurke, sadat it yn Grinslân spilet ynstee fan yn Noard-Fryslân. It is net de earste oersetting yn in taal fan de Waadseekust. Earder binne oersettings yn it Frysk, Biltsk, Platdútsk en Hollânsk ferskynd.

It boek sil 15,00 euro jilde. Dêr komme 5,00 oan ferstjoerkosten by. Eksimplaren binne no al te reservearjen by de Stichting Uitgaven Noord-Groningen: info@uitgavennoordgroningen.nl of Pastorieweg 19, 9989 BL  WARFFUM.

maart 18, 2018 18:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.