Rjochter keart beneaming Katalaanske presidint wer op

maart 11, 2018 16:00

Kataloanië (read) yn Spanje. (

Carles Puigdemont mocht yn ballingskip gjin presidint fan Kataloanië wurde fan de Spaanske rjochter. De twadde kar fan it Katalaanske parlemint, Jordi Sànchez, kriget dy kâns allikemin. Hy sit yn ‘e finzenis en de rjochter yn Madrid wol net dat er frijlitten wurdt. Hy wurdt fertocht fan it opstokeljen fan ‘e befolking en fan reboelje.

It wûndere is dat Sànchez nearne foar feroardiele is. Amnesty International hat by de Spaanske oerheid protestearre tsjin it finzen hâlden fan in politikus dy’t demokratysk keazen is. De minskrjochte-organisaasje neamt de gong fan saken in “bûtenspoarige beheining fan syn rjocht op frijheid fan mieningsutering en fan freedsum gearkommen”.

maart 11, 2018 16:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.