Presintaasje ‘De Ljip’ – monografy oer ‘de heraut fan de maityd’

maart 20, 2018 10:37

Freed 23 maart wurdt yn Snits it boek De Ljip presintearre. It is in monografy oer dizze “heraut fan de maityd”, skreaun troch biolooch en publisist Sake P. Roodbergen.

De ljip is noch altiten in ikoansoart foar ús hiele lân. Yn it foarjier spektakulêr fanwege syn opfallende natuerlike gedrach en fanwege de aaien, dêr’t elk jier wol wat oer te dwaan is. Yn hjerst en mylde winter net te missen fanwege de kolossale groepen ynlânske mar benammen ek bûtenlânske ljippen.

De ljip hat ek in wichtige rol spile hat yn ús nasjonale histoarje fan natuerbeskerming. In protte minsken fan ’e earste oere waarden natuerbeskermer omdat se oanstutsen waarden troch harren moeting mei de ljip en de skries.

Gjin oare fûgel hat sa’n sintrale rol spile yn in model fan greidefûgelbeskerming. In unike dûbelrol yn in unyk systeem. Oan de iene kant yn de rol fan slachtoffer, fan eksploitearre soart, dêr’t de aaien fan socht en fandele waarden, oan de oare kant as de ûntfanger fan de beskerming. De ljip, of presizer noch: it ljipaai, wie de spil yn dat gehiel.

Auteur Sake P. Roodbergen (1945) wie learaar Ingelsk en Biology. Ingelsk op basis fan in MU-akte, biology fanwege syn bân mei de Fryske natuer, dy’t al yn syn jongesjierren yn en om Grou ûntstie. Prominint yn dy natuer wie de ljip. It sykjen en finen fan de aaien fan dy greidefûgel soe syn hiele libben lang in bepalend elemint foarmje. Trochdat de skriuwer sterk belutsen wie by sawol it belibjen yn it fjild as by de organisaasje en útfiering fan de beskerming koe in ryk en boeiend boek ûntstean.

It boek wurdt útjûn as paperback mei kleurkatern en telt 216 siden. De priis is € 19,95.

De presintaasje op 23 maart is by Van der Velde Boeken Snits, Kruizebroederstraat 36, 8601 CM Snits en begjint om 16.00 oere.

 

 

maart 20, 2018 10:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*