Poetin mei bliuwe

maart 19, 2018 00:45

Vladimir Poetin

De Russyske presidint Vladimir Poetin mei noch seis jier oanbliuwe. Santich persint fan de stimmen binne teld en 76 persint fan de kiezers hat Poetin keazen. As de 65-jierrige Poetin syn termyn folmakket, is er op Stalin nei de langstsittende lieder fan Ruslân.

Poetin betanke de minsken dy’t op him stimd hiene en kundige oan dat er in stikmannich wizigings trochfiere wol, benammen op ekonomysk mêd.

De wichtichste tsjinkandidaten wiene de korrupsjebestrider Aleksej Navalny en de kommunist Pavel Groedinin. Navalny moast syn kandidaatskip lykwols ynlûke, om’t er feroardiele is foar fraude. Groedinin krige 13 persint fan de stimmen.

maart 19, 2018 00:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.