Pjutteboartersplakken op ’e nij sertifisearre

maart 20, 2018 12:24

Fjouwer pjutte-opfanglokaasjes fan de Stichting Peuterspeelzalen Gaasterlân-Sleat hawwe op ’e nij it sertifikaat foar meartalich wurkjen behelle. De sân lokaasjes fan de stichting hiene allegearre it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ al, mar ien kear yn de trije jier komt in fisitaasjekommisje lâns om te sjen oft it twatalich wurkjen goed trochset wurdt. De fjouwer lokaasjes dy’t dizze kear oan bar wienen hawwe it sertifikaat op ’e nij foar trije jier takend krige. It giet om De Lytse Skeakel yn Aldegea, Pjuttewille yn Aldemardum, De Peuterhof yn Bakhuzen en It Plankje yn Balk. De pedagogysk meiwurkers wurkje al jierren mei in twatalich belied, yn Aldegea, Aldemardum en Balk sûnt 2004 en yn Bakhuzen sûnt 2007.

De stichting hat in dúdlik Protokol Taalbelied dêr’t neffens wurke wurdt. Op alle lokaasjes wurkje altyd in Frysktalige en in Nederlânsktalige pedagogysk meiwurker neistinoar. By it sertifisearringstrajekt krije de lokaasjes begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne goed 210 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten.

 

 

maart 20, 2018 12:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.