Opnij deaden troch lawines yn Frânske Alpen

maart 5, 2018 10:40

Foto: Wikipedia

By in rige lawines yn de Frânske Alpen binne snein twa deaden fallen en twa minsken ferwûne rekke. Ien persoan is fermist. Yn de gemeente Vallorcine, yn it eastlik departemint Haute-Savoie flakby de Switserske grins, diene har yn in tiidsbestek fan twa oeren trije lawines foar. By ien fan de lawines kaam in man om it libben. Hy waard ûnder de snie fûn en nei it sikehûs oerbrocht, dêr’t er nei in pear oere ferstoar.

Even letter, om 13.00 oere hinne, waarden trije Belgyske skyers en in gids dy’t bûten de piste skiden, oerfallen troch in lawine. In Belch kaam om, ien fan syn lângenoaten rekke swierferwûne. De gids en de oare Belch rekken net ferwûne. In fjirde lawine, yn de tichtbylizzende gemeente Samoëns, luts in Switsersk pear mei. De frou waard nei it sikehûs brocht, mar de man wurdt noch altyd mist. Ofrûne freed kamen yn it súdeasten fan Frankryk al fjouwer minsken troch in lawine om it libben.

maart 5, 2018 10:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.