Oerheid wâdet oer ûnôfhinklike ûndersikers hinne

maart 9, 2018 14:15

Undersikers kinne yn Nederlân lang net altiten ûnôfhinklik harren wurk dwaan. Dat komt troch ferskate oerheden, dy’t besykje om ynfloed út te oefenjen op ‘e útkomsten fan it ûndersyk. Dat docht bliken út in ûndersyksferslach fan de Onderzoeksraad Voor Veiligheid, de OVV.

De OVV hat tritich ûndersikers befrege dy’t yn ’e lêste tsien jier meiwurke hawwe oan ûndersiken yn opdracht fan oerheden. It gong yn alle gefallen om ûndersiken dêr’t hja as ûnôfhinklik ûndersiker oan meiwurkje soene. Foarbylden binne dat politisy mei politike belangen yn ’e ûndersykskommisje sitte, dat it budzjet te krap is of de ûndersykstermyn te koart. Soms passe oerheden sels de konklúzjes fan ûndersikers oan. Dat barde bygelyks ferline jier. Doe makke it televyzjeprogramma Nieuwsuur buorkundich dat hege amtners fan it ministearje fan justysje en feiligens ûndersikers ûnder druk set hiene om konklúzjes oan te passen fan in ûndersyk nei de gefolgen fan it drugsbelied fan it ministearje, omdat se it ministearje net goed fan pas kamen. Dy kwestje wurdt op it stuit nammers troch in ûndersykskommisje besjoen.

It ferslach is ferskynd ûnder de namme Onafhankelijk onderzoek in het publiek belang. Jo kinne it as pdf-bestân besette troch hjirre te klikken.

De OVV hat it ûndersteande filmke makke oer syn wurk:

maart 9, 2018 14:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.