Oanpak stienmurd yn greidegebiet Aldeboarn

maart 9, 2018 15:47

De stienmurd is by Aldeboarn fierwei de grutste rôver fan greidefûgelnêsten en dêrmei in bedriging foar de skriezepopulaasje. Dat docht bliken út ûndersyk fan de provinsje Fryslân. Dy nimt dêrom maatregels om de greidefûgels te beskermjen en it briedsukses te fergrutsjen. Yn it gebiet om Aldeboarn hinne mei de  stienmurd beheind fongen en deade wurde. It breidsukses wurdt dêrnei kontrôle op útoefene.

Ferline jier liet de Provinsje de omfang fan predaasje troch de stienmurd op greidefûgels ûndersykje. Greidefûgelnêsten waarden filme en opfretten aaien en fûgelresten waarden yn it lab ûndersocht op DNA. It docht bliken dat de stienmurd yn de omkriten fan Aldeboarn fierwei de grutste predator fan greidefûgelnêsten is. Yn de trije oare ûndersyksgebieten (Smelle Ie, Idzegea en Warkum) kaam dat resultaat net nei foaren. Nêstferlies waard dêr feroarsake troch mear as ien soarte rôfbisten. Yn wer in oare gebiet wurdt skriktried ynset om de stienmurd tsjin te hâlden.

maart 9, 2018 15:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Gerrit Bosma maart 13, 17:29

    stienmurd komt net foar yn “Wat wurd it”

    ik krij noait birjocht as wer in wurd ynstjoer

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*