NASA fotografearret griene himel by Ierlân op St. Patrick’s Day

maart 18, 2018 08:22

Yn Ierlân kleure sneon alles en elkenien grien op St. Patrick’s Day. Astronauten yn it Ynternasjonale Romtestasjon (ISS) heakken dêr dit jier noch wat oan ta: in griene himel. De ISS-bemanning makke sneon in foto, dêr’t Ierlân (en rjochts Grut-Brittannië) op te sjen is mei op ’e eftergrûn it noarderljocht. De aurora borealis wie yn Ierlân net te sjen, mar om’t de foto fan tige grutte hichte makke is, koene de astronauten it griene ljocht en it eilân dochs yn ien plaatsje fange.

Sjoch it Twitter-berjocht:

maart 18, 2018 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*