My Sarie Marais

maart 5, 2018 12:00

Kollum fan Aant Mulder

It is hast alwer in pear wike lyn dat we suver sjongend werom nei hûs ta rieden. We nuenten ‘My Sarie Marais is so ver van my hart’. We nuenten om’t we fan dat ferske, dat we yn ’e bernetiid wol songen, de tekst kwytrekke wiene. Dat we dat nuenten, dat hie alles te krijen mei de lêzing dêr’t we hinne west hiene. Dy lêzing hie de nijsgjirrige titel: Dis ’n feit soos ’n koei. In nuvere namme. Gjin Frysk, gjin Nederlânsk, mar Afrikaansk, sa’t jimme troch dat ferske faaks al begrepen hiene. Gjin Nederlânsk dus, mar likegoed aardich nei te kommen. Dêr wat mear oer hearre, dat like ús wol wat ta. Doe’t ik ek noch lies dat de situaasje fan it Afrikaansk mei dy fan it Frysk ferlike wurde soe, hie ’k net folle oantrún mear nedich. Dêr kaam noch by dat we al earder ris nei dy lokaasje ‘Nuweland’ yn Eastersee, dêr’t dy lêzing holden waard, ta wollen hiene.

De lêzing fan Ingrid Glorie, haadredakteur fan it tydskift Zuid-Afrika Spectrum, yn ‘Nuweland’ woene we dus net fersitte. Dat jilde foar mear. Der wie aardich flecht op ’e koai. Ingrid Glorie hjit ús wolkom en stelt harsels yn it Afrikaansk foar. It is in aardichheid om dêr nei te harkjen. Dat momint duorret lykwols mar koart. Mear krije we fan it Afrikaansk net te hearren. Sy docht hat ferhaal fierder yn it Nederlânsk mei moai op ’e muorre projektearre sheets. We hearre allegearre nije dingen, dêr’t ik mei Fryslân yn ’e efterholle nei harkje. In pear dingen wol ik neame.

It Afrikaansk is ien fan de alve talen fan Súd-Afrika, dy’t yn de grûnwet opnommen binne. Dat is in hiel ferskil mei de twa talen dy’t Nederlân offisjeel hat. Súd-Afrika is yndield yn njoggen provinsjes en der binne njoggenentweintich befolkingsgroepen. Ik sjoch daliks dat yn de njoggen ferskillende provinsjes ornaris ferskillende befolkingsgroepen wenje en dat der útsoarte ek ferskillende talen praat wurde. Fan dy alve talen wurdt it Zulu troch de measte minsken praat, folge fan it Xhosa. De tredde taal fan Súd-Afrika, dat is it Afrikaansk dat fan 13,5 prosint fan de ynwenners praat wurdt en dan benammen yn it westen en noarden. It Ingelsk is de fjirde taal. Sa’t it Afrikaansk perfoarst gjin Nederlânsk is, sa is it Ingelsk ek op gjin stikken nei gewoan Ingelsk. It Ingelsk hat wat foar en it Afrikaansk hat wat tsjin. Ingelsk is yn in grut ferskaat oan situaasjes de fiertaal en it ûnderwiis nimt it Ingelsk ek hieltyd faker foar kar. Dat hoecht ús net te fernuverjen. It Afrikaansk dêrfoaroer hat tsjin, dat it de taal fan de apartheid wie en dat doe gjin romte jûn waard oan oare talen en oare befolkingsgroepen. Likegoed binne hjoed-de-dei de measte Afrikaansk-praters kleure Afrikaners.

It Afrikaansk is yn it foarste plak Nederlânsk, it Nederlânsk sa’t Jan van Riebeeck dat yn 1652 meinaam nei De Kaap, ûnderweis nei Ynje ta. It wie fansels de taal fan de matroazen út Hollân en Seelân wei. Dêrom is in ‘keuken’ hjoed-de-dei in ‘kombuis’ en in ‘bêd’ in ‘koai’. Sa’n tachtich prosint fan de wurdskat fan it Afrikaansk is fan Nederlânsk komôf. Dat betsjuttingen fan wurden gauris oars wurden binne, leit yn ’e reden. Op ’e werom reis fan Ynje namen dyselde matroazen it Maleisk mei werom. It Maleisk wurdt suver in lingua franca, in taal dy’t brûkt waard om mei minsken te praten dy’t net deselde talen brûkten. Dêr komme net allinne wurdsjes as ‘baie’ (tige), ‘piering’ (pantsje), ‘boeitie’ (bruorke) wei, mar ek de gewoante om in wurdsje twa kear te sizzen. Foarbylden: ‘plek-plek’ (hjir en dêr) ‘raas-raas’ (skellend) ‘klap-klap’ (in pear klappen). It giet te fier om alle ynfloeden fan talen te beskriuwen, mar yn de 17de iuw binne dat ferskillende ynlânske talen en it Portugeesk, Dútsk en Frânsk. Sûnt 1800 nimt it Ingelsk in hieltyd grutter plak yn.

Nuweland, Eastersee

It Afrikaansk en it Ingelsk binne hjoed-de-dei lykweardige talen. Likegoed is it Ingelsk hieltyd faker de taal dy’t brûkt wurdt as it giet om bestjoer en ûnderwiis. It Afrikaansk wurdt hieltyd faker de taal fan de keunst en de kultuer. De Afrikaners hawwe sadwaande in dilemma dat wol wat op dat fan ús liket. Uzes: Frysk of Hollânsk. Foar harren jildt: kieze foar Afrikaansk en it Ingelsk safolle mooglik op ôfstân hâlde of daliks mar de kar foar it Ingelsk meitsje. Dat is nijsgjirrich, benammen om’t der yn Súd-Afrika noch mear talen ta dogge.

Der binne taalkundige oerienkomsten, dêr’t ik wol mear oer witte wolle soe. Wêr komme dy oerienkomsten wei. Faaks wiene der ek Frykse matroazen of Westfryske. De kâns is lykwols grutter dat it aspekten binne dy’t yn oare Europeeske talen ek wol foarkomme. En we moatte fansels de oerienkomsten tusken Ingelsk en Frysk net ferjitte. In pear foarbylden fan oerienkomsten. Yn it Afrikaansk wurdt earder skreaun wat sein wurdt. Dat betsjut dat letters as c, ch en x faak ferfongen wurde troch: s, k, sk, ks. Foarbylden: sirkus, miskien, faks. De z oan it begjin wurdt in s en dat is by ús krekt sa: sien (sjen) swaer (swier), saal (seal) en sa is der wol mear. De wat mear fonetyske skriuwwize liket yn beide talen oan ’e oarder te wêzen. Oare moaie gelikense konstruksjes: ‘Ek sit en lees.’ (Ik sit en lês.) en oars wol de dûbele ûntkenning: ‘Ek sal dit nooit doen nie.’ (Ik sil dat nea net dwaan.). Nijsgjirrich! Jo soene dêr nochris wat oer hearre of lêze moatte. Hawar, ik hâld it earst mar efkes by de ferskes, want dy binne der. Tink mar oan: ‘Mamma, ’k wil ’n man hê’, ‘Rij maar aan Ossewa’ en ‘Suikerbossie, ’k wil jou hê’. Mar we ha fansels ek: Amanda Strydom mei ‘Pelgrimsgebed’, dat we fan Anneke Douma kenne as ‘Swalkersliet’.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 3 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
Ingrid Glorie (1969) is bureau- en einredakteur fan tydskriften en hat in taalburo. Se studearre Nederlânske Taal- en Letterkunde en Algemiene Literatuerwittenskip en wenne trije jier yn Súd-Afrika. Nuweland is in ferboude boerepleats yn Eastersee, dêr’t Anke en Wiebren Bergsma – dy’t ek yn Súd-Afrika wenne hawwe – in meubel- en ynterieursaak yn hawwwe, spesjalisearre yn Súd-Afrikaanske produkten. Sy jouwe ek troch oare aktiviteiten omtinken oan Súd-Afrika.
maart 5, 2018 12:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Emile Blaauw maart 8, 07:18

    Der binne ik Afrikaansk mensken die it Frysk versteat en het in bietsje lêze kinne. En hjoed foar it eerst skreauwe. Mien alders wiene immigranten en us bjern wiene in Afrikaansk skoalen.
    Groete uit ‘n sonnige Suid-Afrika

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*