Musikus-pedagooch José Abreau stoarn

maart 25, 2018 10:12

José-Abreu (1939-2018)

Yn Fenezuëla is juster, 24 maart 2018, de orkestdirigint José Abreu stoarn. Abreu wie in waarm pleitbesoarger fan muzykedukaasje foar de jeugd. Hy liet kânsearme jongelju mei-inoar muzyk meitsje. Sûnt 1975 hat er in miljoen bern yn oanrekking mei klassike muzyk brocht om harren ôf te hâlden fan drugs en geweld.

Under de musisy dy’t er oplate, wie ek Gustavo Dudamel, no in foaroansteand en wrâlwiid ferneamd dirigint.

Abreu woe polityk neutraal bliuwe, mar hy ûnderhold nauwe bannen mei it sosjalistyske regear fan Fenezuëla dat syn program finansiere. Foar syn wurk krige er yn 2010 de Erasmuspriis út hannen fan prins Willem-Alexander.

Abreu is 78 jier wurden.

maart 25, 2018 10:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.