Macron wol minder macht foar parlemint

maart 11, 2018 00:24

Emmanuel Macron (Wikipedia/Claude Truong Ngoc, CC)

It parlemint moat minder yn ‘e brij te brokkeljen hawwe, sa is it betinken fan it regear-Macron yn Frankryk op ‘t heden. Yn twa dagen tiid hat it Frânske regear twaris dúdlik makke dat it snelheid wichtiger achtet as demokrasy. It parlemint protestearret.

It begûn tiisdei, doe’t Macron útstelde om it rjocht fan amendemint ôf te skaffen. Mei dat rjocht kin elk lid fan ‘e folksfertsjintwurdiging wizigings útstelle yn wetsútstellen. Soks kostet tefolle tiid, is it regear fan betinken. It útstel helle parlemintsbreed protest út.

Woansdei krige it Frânske parlemint te hearren dat it regear in pensjoenherfoarming net útfiere soe dêr’t it parlemint in jier lyn ienriedich ja tsjin sein hie. It regear makke gebrûk fan in wet dy’t it mooglik makket om wetten net út te fieren as it tinkt dat de útfiering te djoer is. Parlemintslid Eliane Assassi, de oarspronklike yntsjinster fan it wetsútstel, neamt de aksje “in bûtengewoan fijannich machtsfertoan foar it parlemint oer”. Ferskate grutte fraksjes hiene it oer machtsmisbrûk troch it regear.

 

maart 11, 2018 00:24
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Makaroany maart 11, 10:14

    Sjoch, it wiere antlit fan Jeropa!

  2. Nanne maart 11, 17:47

    Dit giet oer Frankryk, hear, Makaroany, net oer Europa.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.