Limburchsktalige bern kinne better Nederlânsk skriuwe as Nederlânsktalige bern

maart 19, 2018 09:10

Limburchske bern dy’t thús Limburchsk prate, meitsje minder staveringsflaters as bern dy’t thús Nederlânsk prate. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Radboud-universiteit te Nimwegen.

De oanlieding foar it ûndersyk wie in rige ûnûnderboude útspraken fan learkrêften en sjoernalisten oer dialektgebrûk. In foarbyld is it neikommende sitaat út de krante De Limburger:

“De combinatie van dialect spreken, achterstandssituatie en gebrek aan stimulering thuis om te gaan lezen kan ervoor zorgen dat laaggeletterdheid in Limburg een structureel karakter krijgt.”

In learkrêft sei:

“[Ik vind] het belangrijk […] dat ze goed Nederlands leren. Dialect pikken ze toch wel op.”

Under begelieding fan it Meertens Instituut yn Amsterdam ferlike studinte taalwittenskip Romy Roumans de CITO-toetsskoares fan in lytse trijetûzen Limburchske bern. De CITO-toets wurdt oan ‘e ein fan ‘e basisskoalle ôfnommen om in advys foar in ferfolchoplieding op te basearjen.

Fierders toetste de ûndersykster op seis Limburchske basisskoallen de lês- en skriuwfeardigens fan bern yn groep 4 en yn groep 8.

Hja kaam derefter dat der foar de bern dy’t it Limburchsk as memmetaal hienen nearne minder yn skoarden as bern dy’t yn it Nederlânsk grutbrocht waarden. By it lêzen skoarden beide groepen gelyk. By it skriuwen skoarden de Limburchsktalige bern dúdlik better.

De ûndersykster skriuwt op it webstee Neerlandistiek.nl it folgjende:

“Als conclusie kan gezegd worden op basis van mijn studie dat de gedachtes van vele ouders, leerkrachten, media en ook overheidsinstanties onjuist zijn. Tweetalige Limburgse leerlingen presteren hetzelfde of zelfs beter dan de eentalige Limburgse leerlingen. Het opvoeden van je kind met een Limburgs dialect blijkt nu toch zo slecht nog niet.”

Hja wiist der op it webstee noch op dat oanlis en yntelliginsje gjin rol spylje by it jin eigen meitsjen fan in taal yn ‘e betide jeugd. Krupsjes lykas wurdblinens binne ek gjin steurende faktor by it twatalich wurden.

Klik hjir om mear te lêzen oer it ûndersyk.

 

 

maart 19, 2018 09:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.