Lêzingen oer meartalich ûnderwiis yn Emmen

maart 10, 2018 00:40

Wa’t mear talen praat as ien, hat mear mooglikheden. Net minder, sa’t earder wol tocht waard. Dat besef moat yn it ûnderwiis noch trochkringe, benammen as ien fan ’e talen dy’t in bern praat “dialekt” neamd wurdt.

Dat in dialekt taalkundich net fan in taal ferskilt en dat it dialekt foar in soad minsken de taal is dy’t it tichtste by harren identiteit stiet, is wat dêr’t net elkenien oan tinkt. Fjouwer saakkundigen op it stik fan meartaligens fertelle op woansdei 14 maart yn Emmen wat der yn ’e wittenskip op it stuit bekend is oer meartaligens. Hja fertelle ek oer in projekt om op Drintske skoallen mear te dwaan mei de talen Nedersaksysk (Drintsk) en Dútsk. Dat lêste is ommers in wichtige buortaal fan Drinte. De jûn wurdt organisearre troch it Kenniscafé Emmen.

De sprekkers binne:
-Jan Germs, direkteur fan streektaalorganisaasje Huus van de Taol.
-Joana Duarte, associate lektor meartaligens by hegeskoalle Stenden.
-Isa Zwart, sjongeres dy’t mei in Drintsk ferske de publykspriis fan it ynternasjonale sjongfestival Suns yn Italië wûn hat.
-Eric van Oosterhout, ambassadeur fan meartaligens en boargemaster fan Emmen.

It sympoasium begjint op 14 maart om 19.30 oere. It wurdt hâlden yn hegeskoalle Stenden oan de Van Schaikweg 94 yn Emmen. De tagong kostet 7,50 euro. De romte is beheind, dêrom is it de baas en reservearje in stoel. Dat kin op it webstee fan Kenniscafé Emmen.

maart 10, 2018 00:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.