Lêzing Piet Hagen: Frysk bloed tsjoch op!

maart 11, 2018 10:11

De revolúsje fan Pieter Jelles Troelstra

Piet Hagen (foto: Tresoar)

Fryslân levere Nederlân sawol revolusjonêre as antyrevolusjonêre politisy. SDAP-foarman Troelstra bewearde dat de Fryske dichter Piter Jelles en de revolusjonêre politikus Troeltstra út itselde hout snien wiene. Yn 1918 kulminearre Liet en libben fan Troelstra yn syn riedseleftige útspraken oer in revolúsje. Pieter Sjoerds Gerbrandy kaam út Snits nei De Haach om de monargy en de demokrasy te ferdigenjen. Hie de idealist him fersind?

Piet Hagen (1942) publisearre ûnder oare Sjoernalisten yn Nederlân, een persgeschiedenis in portretten (2002) en Politicus uit hartstocht, biografie van Pieter Jelles Troelstra (2010). Yn april ferskynt fan him Koloniale oorlogen in Indonesië (1510-1975), vijf eeuwen verzet tegen vreemde overheersing.

Studium Generale: Revolúsje en Fryslân?
As wy sjogge nei de wrâld om ús hinne, dan wenje wy hjir yn in oase fan wolfeart, frede en rêst. Grutte omwintelingen lykje net goed te passen yn it Nederlânske klimaat. Dochs hat ús lân wol deeglik grutte omwintelingen kend. De steatsgreep fan de Patriotten yn 1787 wie in echte revolúsje, mei in tsjinregear yn Frjentsjer. Dy revolúsje mislearre, mar twa jier letter slagge in ferlykbere revolúsje yn Frankryk wol, en yn 1795 waard it Frânske programma fan de revolúsje hjir ek yntrodusearre. Der folge in rûzige perioade dêr’t in grut tal bestjoersfoarmen inoar yn heech tempo yn opfolgen. De revolusjonêre beweging fan 1848 dy’t yn hiel Europa wichtige demokratyske herfoarmingen bringe soe, liet yn ús provinsje amper spoaren nei. Mar wol waard de steatsynrjochting yn de jierren dy’t folgen yngripend herfoarme.

Yn 1918 gie der op ‘e nij in weach fan revolúsje oer Europa. De keizers fan Dútslân en Eastenryk en de tsaar fan Rusland ferlearen harren troan. Wêrom soe dy revolúsje oan Nederlân foarbygean, sa frege Piter Jelles Troelstra him lûdop ôf, en hy wie net de iennige. Hy wie de lieder fan de Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij, mar yn syn partij wiene se net klear foar in revolúsje en dy gie dan ek oan Nederlân foarby. Troelstra hat de gefolgen fan syn ympulsive útspraak noch lang drage moatten.

Yn de jierren sechtich feroare it kulturele klimaat yn Nederlân drastysk. Tenei dominearre de jongerein mei popmuzyk, lang hier en oare noarmen op it gebiet fan seksualiteit de kultuer. It like in kulturele revolúsje, mar oft dat ek echt sa wie is mar de fraach.

De wurkgroep Studium Generale wol in trijetal lêzingen oan dizze revolúsjes wije. Trije ynlieders sille elk ien fan de omwintelingen beljochtsje. Op 6 maart spruts Yme Kuiper oer de Fryske patriotten yn de jierren 1780, en op 20 maart is it wurd oan Huub Mous oer de kulturele revolúsje yn de jierren sechstich yn Fryslân.

Data:     Tiisdeitejûn 6, 13 en 20 maart 2018
Plak:     Tresoar, Gysbert Japicxseal, Bûterhoeke 1, Ljouwert
Tiid:      20.00 oere, seal iepen fan 19.30 oere ôf
Priis:     € 17,50 foar alle trije lêzingen, € 7.50 foar ien lêzing (kofje yn it skoft ynbegrepen)

Reservearje wurdt oanbefelle, dat kin op info@tresoar.nl of op tillefoannûmer 058-7890740.

maart 11, 2018 10:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*