Letlân ferbiedt Russysktalige skoallen

maart 10, 2018 01:11

Twatalich strjitnammebuord yn Letlân, mei graffity oer de Russyske ferzje hinne spuite.

It Letske parlemint hat ôfrûne tongersdei in wetsútstel oannaam dat it gebrûk fan it Russysk as fiertaal op skoallen ferbiedt.

De nije wet makket diel út fan in lang rinnend projekt om it Letsk yn it hiele lân de fiertaal te meitsjen. Doe’t Letlân diel útmakke fan de Sovjet-Uny binne der in soad Russen yn it lân kommen te wenjen, dy’t gauris gjin Letsk learden en harren eigen skoallen hiene. Yn 2004 waard al útmakke dat skoallen op syn heechst fjirtich persint fan de fakken yn it Russysk jaan mochten.

De Letske minister fan ûnderwiis Karlis Sadurskis seit dat it him ferwûnderet dat de wet 27 jier nei it ûnôfhinklik wurden fan syn lân noch foar opskuor soarget.
“Wy hearre dat it foar bern en foar âlden dreech wêze soe, mar al dy bern en har âlden binne yn Letlân berne”, seit er. “Is it foarstelber dat ynwenners fan Sweden, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Dútslân of likefolle hokker oar Europeesk lân de offisjele lânstaal net prate kinne soe? Wêrom soe Letlân in útsûndering wêze moatte?”

It ferbod op it brûken fan it Russysk is net folslein. It mei noch hieltiten brûkt wurde by it fak Russysk en yn lessen dy’t geane oer Russyske literatuer, kultuer en skiednis. De oergong nei it Letsk wurdt de kommende jierren yn stappen makke.

De Russysktaligen foarmje likernôch in fearn fan ‘e folsleine Letske befolking. Under harren bestiet in soad wjerstân tsjin de ferletsking fan ‘e maatskippij. Der wurdt gauris protestearre tsjin it stadichoan weiwurkjen fan it Russysk út it offisjele libben.

maart 10, 2018 01:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*