Lessen Welsk foar flechtlingen

maart 7, 2018 22:37

De universiteit yn it Welske Cardiff wol kursussen Welsk oanbiede foar flechtlingen. De universiteit kriget dêr subsydzje foar fan in Welske taalbewegingsorganisaasje. De kursus wurdt ûntwikkele yn ‘e mande mei de Welske wjergader fan it COA, de Welsh Refugee Council.

It doel fan de kursus is om de nijkommers de kâns te jaan om harren thús te fielen yn in Welsktalich fermidden. De dosinten sille neist de taal ek de kultuer fan Wales behannelje. Fierders nimme se de kursisten mei nei Welsktalige festiviteiten om dêr yn it echt te oefenjen. De kursus wurdt ien kear wyks op ferskate plakken yn Cardiff oanbean.

Neffens dosint Matt Spry is der in protte belangstelling foar de kursussen.

Ien fan ’e minsken dy’t flechtlingen helpe om yn te boargerjen is Salah Rasool. Hy ûntflechte de oarloch yn Irak en bedarre yn Wales. Dêr learde er earst Ingelsk, mar it Welsk hie syn belangstelling ek, dat dy taal learde er ek. Ingelsk fielt er him net. “I sis altyd dat ik Welsk-Koerdysk bin”, seit er. “Ik bin gjin Irakees, gjin Brit, mar in Welshman.” Wales neamt er syn thús. Hy is troud mei in Welske frou. It houlik wie útsoarte yn it Welsk.

maart 7, 2018 22:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.