Kleurryk lânskip

maart 10, 2018 20:00

Kollum fan Jan Willem Zwart

Nei in pear prachtige kâlde winterdagen sjocht men it lânskip feroarjen. It is maitiid. Je hearre de fûgels oars fluitsjen. It is as roppe se dat de winter foarby is. Der binne ek minsken dy’t lêst hawwe fan de maitiid. Prúste en hoastje, troch it stomoal fan bjirken, elzen en hazzenútbeammen. De earste ljippen geane oer de wjuk en de skriezen binne hjir en dêr yn Fryslân ek wer teplak.

Ferkiezingsaksje yn Achtkarspelen; foto Simone Zwart

Op in hiel oare wize is it lânskip ek oars. Oeral dûke grutte buorden op yn de greiden, buorden mei foto’s fan lokale politisy. Krease minsken, meastentiids âld en man, de leste jierren gelokkich hieltyd faker jong en frou. Buorden mei wurden as “Trochpakke, mei-inoar sterk” of “Foar jo gemeente” moatte de boargers yn ferskate gemeenten oerhelje om op harren te stimmen. Foar de ruten dûke hjir en dêr ek grutte posters op. It lânskip en de doarpen binne yn elk gefal kleurryk!
Witte jo net hokker kleur oft it bêste by jo past, dan binne der, lit ús sizze, kleur- of stim-wizers. In fragelist kin helpe om op 21 maart in stim út te bringen. In stim foar de gemeenteried. Wat fine wy wichtich yn ús gemeente? Wêr moatte wy gjin jild oan fergrieme? Sosjaal, tichtby, foar jo, allegearre wurden dy’t brûkt wurde om mar stimmen te krijen.

En dan, dan wurde de kolleezjes foarme en nei in pear wike giet elts wer troch mei syn wurk. It lânskip wurdt wer rêstich. Ynienen blykt dat it yn de polityk hielendal net sa maklik is om “troch te pakken, sosjaal te wezen en tichteby jo te wezen”. Der moat yn de ried stimd wurde, en dan kin it mei in wichtige ferkiezingsbelofte in hiel oare kant op gean. Dat is polityk. En dat is gemeentepolityk. Je soene je ôffreegje kinne oft gemeentepolityk sa’t dy no yn Fryslan bedreaun wurdt, de polityk fan de takomst is. Is elkenien noch belutsen by syn gemeente? Binne de minsken op de foto’s yn it lânskip gjin ego’s wurden dy’t ek foar harren eigen stânpunt geane? Giet it oer macht? Hokker boarger besiket geregeld in riedsgearkomste? It liket derop dat gemeentepolityk fier fan de boargers ôf stiet. Net earder as wannear’t it oer harren eigen strjitte giet, ûntsteane de boargerinisjativen, dy’t bygelyks soargje foar emosjonele belutsenheid. Belutsenheid yn de eigen strjitte.

Is net-stimme dan in opsje? It is goed dat boargers harren stim hearre litte, dat se witte litte wat se wolle en wat net yn harren buert. Wa’t net stimt, hat gjin rjocht fan sprekken as it him yn de polityk net nei it sin giet. Stimme jout ek dudlikens, dudlikens oer de kommende fjouwer jier. De kaders. De werklike ynhâld wurdt troch de nije ried bepaald. Us ried!

Stimme is in rjocht, brûk dat en stim. Dan kinne de buorden wer út ús lânskip en kinne wy genietsje fan de maitiid yn syn folle griene krêft.

 

maart 10, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Kieswizer maart 13, 10:17

    Oppasse: guon linkse anty-Fryske, anty-semityske partijen beskûlje harsels efter in nije namme!
    eter

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.