Keningshûs docht mei oan Alvewegetocht

maart 30, 2018 09:39

Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima stypje de Alvewegetocht: it projekt wêrby’t de hiele provinsje Fryslân fan 1 oant 14 july fossylfrij reizgje sil om klimaatferoaring tsjin te gean. It Keningspear is tige entûsjast oer it Fryske plan en posearre foar in tige spesjaal Alvewegetocht-staasjeportret, dat ôfrûne tiisdei in prominint plakje krigen hat yn it provinsjehûs yn Ljouwert. De Kommissaris fan de Kening, Arno Brok, hat it staatsjeportret mei it hiele Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân yn ûntfangst naam.

Foto: © Ruben van Vliet / Alvewegetocht

It portret waard makke by de offisjele iepening fan Ljouwert-Fryslân 2018 dêr’t sawol de Kening as de Keninginne har entûsjast úsprutsen oer it ambisjeuze plan fan de Friezen om twa wike lang fossylfrij te reizgjen. De hear Snoek, wurdfierder fan de kening: “Ik bin tige nijsgjirrich hoe’t jim de ambysje om twa wike lang fossylfrij te bewegen foarinoar bokse sille, mar begjin te leauwen dat foar Fryslân neat ûnmooglik is.”

Behâld de Alvestêdetocht
Tsjeard Hofstra, projektlieder Alvewegetocht en Bouwe de Boer, enerzjykoördinator gemeente Ljouwert, hawwe de foto oanbean. Tsjeard Hofstra: “Us kening hat de Alvestêdetocht riden. Hy wit dus as gjin oar dat de Alvewegetocht nedich is om klimaatferoaring in halt ta te roppen om wer iis op ’e sleat te krijen.” De kening rydt yn in Tesla model X en stipet ek op dy manier it gedachtegoed efter de Alvewegetocht.

Alvewegetocht yn Fryslân
Fan 1 o/m 14 july 2018 sil de provinsje Fryslân fossylfrij reizgje. Op ’e dyk én op it wetter. 50.000 studinten en goed hûndert Fryske gemeenten en bedriuwen dogge al mei. Der wurde ekstra laadpeallen iepene, krekt as griene tankstasjons, liftplakken en oerstapstasjons by de grutte ynfalswegen. Arriva en de NS helpe mei ekstra iepenbierferfiersopsjes. Basis- en middelbere skoallen stride mei-inoar yn selsmakke duorsume ferfiersmiddels by estafettes en yn Ljouwert wurde solarboatraces holden. It wurdt twa wike feest sûnder in drip disel of benzine.

Alvewegetocht Parade
As kers op ’e taart is de ôfslutende parade op 14 july: in bûnte staasje mei tûzenen stiks fossylfrij reau op ’e dyk én yn it wetter, dêr’t hiel Nederlân oan meidwaan kin. Fan solarboat en wetterstofauto oant skippybal, elkenien is wolkom mits it reau gjin fossiele brânstoffen ferbrûkt. Rykswettersteat slút mar leafst trettjin kilometer sneldyk ôf foar de Alvewegetocht Parade. Op dy dei makket Fryslân wrâldnijs en wurde trije wrâldrekôrs brutsen: de grutste staasje elektryske auto’s, oar elektrysk reau én elektryske boaten.

De Alvewegetocht is ûnderdiel fan it Kulturele Haadstêd-projekt Fossylfrij Fryslân.

maart 30, 2018 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.