Keamerleden moatte opkomme foar it Frysk

maart 3, 2018 20:00

Kollum fan Frâns Kuipers

No brekt my de klomp! It Frysk wurdt net yn ’e grûnwet opnommen en it Nederlânsk ek net. Wat sit dêr efter? It docht bliken dat gjin inkeld keamerlid út Fryslân yn ’e gaten hân hat dat it misrinne soe. Sûnt 1 desimber 2010 hat gjinien fan de keamerleden oer it foarstel fan wet om it Frysk en it Nederlânsk yn de grûnwet te krijen, dêr fragen oer steld. Ek net neidat de minister-presidint by brief fan 1 novimber 2017 oan de Keamer meidield hat dat it kabinet it foarstel net opportún achtet.

Harry van der Molen (CDA), earder wethâlder fan Gemeente Ljouwert, reagearre ek net, wylst er him as keamerlid oars wol lûd en dúdlik hearre en sjen lit. Mar, útsein syn eed, hat er him noch net hearre of sjen litten oer it Frysk. Of it is my ûntgien. Dan ekskús. Geart Benediktus (âld-CDA-steatelid en âld-Earste Keamerlid) reagearre ofrûne sneon yn de Ljouwerter krante mei: “Dy ferrekte VVD’ers”. De CDA keamerfraksje moat sjen en hearre litte dat it sa net kin. Harry moat, mei oare keamerleden, dy’t it Frysk ek nei oan it hert leit, minister Ollongren oan it jaske lûke en har opdrage om it troch har ynlutsen foarstel wer mei te nimmen nei de Twadde en de Earste Keamer. Dan kin CDA’er (ús) Joop Atsma yn de Earste Keamer syn gewicht ek yn ’e skealje lizze.

LF2018
It boppesteande stiet heaksk op it feit dat Fryslân yn 2018 Kulturele haadstêd fan Europa dat as sintraal tema Lan fan Taal hat. Dêr is spesjaal it gebou Obe foar delset en binne oeral yn Fryslân tûzenen frijwilligers warber foar om it Frysk as libbene kultuurtaal op poadiums yn alle gemeenten sjen en hearre te litten. Miljoenen euro’s wurde der tsjinoan smiten. Fryslân lit oan de hiele wrâld sjen dat it Frysk derta docht en dan lûkt de minister it foarstel yn? Ik bin ek benijd nei de reaksje fan deputearre Poepjes en kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Pabo NHL Stenden en it Frysk
De provinsje spendearret, spesjaal as fersterking fan it Frysk, yn it basis- en fuortset ûnderwiis. In soad jild (sa’n 3 ton) giet nei de pabo fan NHL Stenden yn Ljouwert, mei as doel om it Frysk better yn de lesprogramma’s te boargjen en learkrêften op te lieden dy’t it Frysk goed yn `e macht hawwe. Learkrêften, dy’t by steat binne om it Frysk op in moderne (digitale?) wize oer te bringen op jonge bern en jongelju. Frysk is cool! En dan is yn de kranten te lêzen dat De earste en twadde rykstaal net yn ’e grûnwet komme omdat it maatskiplik nut net oantoand is. Binne wy, sûnder dat de polityk ús dat dúdlik makket, stadichoan oan ’e gong om fan Nederlân in steat fan de Feriene Steaten fan Europa wurde te litten, mei as haadtalen Dútsk, Frânsk en it Ingelsk? Dan brekt my de klomp al hielendal!

maart 3, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. mbc84 maart 4, 07:52

    Binne wy, sûnder dat de polityk ús dat dúdlik makket, stadichoan oan ’e gong om fan Nederlân in steat fan de Feriene Steaten fan Europa wurde te litten, mei as haadtalen Dútsk, Frânsk en it Ingelsk? –> net stadichoan, it is allang sa fier. Dêrom wurde ús talen ek net opnommen yn ‘e grûnwet, yn koarten sille se net mear relevant wêze (Ingelsk en Arabysk komme deryn). Boppedat hat NL no it meast Nederlân-haatsjende (en dan kear 100 foar de Fryslânhate) kabinet ea, it ferkeapet NL en wy steane derby en sjogge dernei. Ergo, it folk kriget wat it fertsjinnet. At it oan my leit, gean ik hjir gau wei. Dit folk hjir earet syn taal net, earet syn komôf net. Is benaud en in skythús. It fertsjinnet it om ûnder te gean, de groetnis dermei!

  2. Abe maart 5, 14:34

    Dy ferrekte VVD’ers, CDA’ers, PvdA’ers, FNP’ers – hielendal mei Kuipers iens. Mar no wer efkes werom nei Ljouwert en omkriten. Fraach: is it Frysk ûnderwiis in tema by de gemeenteriedsferkiezingen – en as it antwurd nee is, en dat is it, wêrom net?

  3. Joukje maart 9, 11:47

    Ik woon in Apeldoorn en daar is de friese vereniginFier Fan hus. Bij elke bijeenkomst wordt fries gesproken.
    Elk toneelstuk wordt gespeeld door een friese club.
    Dus buiten Friesland zitten nog veel friestaligen.
    Wij zingen ook altijd het friese volkslied.
    Het fries moet blijven.

  4. August maart 10, 15:19

    Myn berjocht jout oan dat elts ut wol noflik fynt om us taal fuort te forsmiten. Jo sjogge al minder en minder minsken ut Frysk bruken. Sa binne we gau fan us taal off.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.