Jeugd Marrum rommet op foar sportkoai

maart 23, 2018 16:00 Fernijd

Yn 2014 wie der ek sa’n aksje.

Sneon 24 maart 2018 is wethâlder Jaap Hijma om alve oere by de fuotbalferiening Marrum yn it ramt fan de lanlike himmeldei. Pleatslik Belang Marrum wol graach in sportkoai foar it jongfolk. Dy sil dêr sels in bydrage oan leverje troch yn it doarp systematysk it smoarchguod op de strjitten op te romjen. Dêr krije se fan de gemeente Ferwerderadiel in beleanning foar dêr’t se in part fan de sportkoai mei betelje kinne

Jeugdwurkers fan Timpaan begeliede de saak. Foar de feilich likegoed as foar de sichtberheid drage de himmelders feilichheidsheskes. Dêr hat de jeugd sels al in moai logo foar útsocht. De gemeente hat tweintich fan sokke heskes meitsje litten. Boppedat krije de oprommers gripers, sekken en wanten om it wurk goed en feilich dwaan te kinnen.

De wethâlder hat in protte wurdearring foar inisjatyf en frijwilligers en wol graach by de start wêze.

maart 23, 2018 16:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.